Friezen yn it tsjuster: strjitferljochting docht it net mear fanwegen simmertiid

02 apr 2019 - 16:01

Wiken en strjitten yn in tal gemeenten yn Fryslân sitte sûnt it yngean fan de simmertiid jûns yn it tsjuster. Netbehearder Alliander hat de oarsaak fan it probleem noch net fûn, mar it komt yn alle gefallen troch it oergean fan de winter- nei de simmertiid ôfrûne wykein.

"We moeten nu alles handmatig aan- en uitzetten", seit in wurdfierder fan Alliander. "Dat kan op afstand, maar het zijn nogal wat kastjes die we allemaal aan moeten sturen."

Alliander hat ein ferline jier in nij type skeakeler yn gebrûk naam. Nei alle gedachten is der by it fersetten fan de klok wat misgien yn it kompjûtersysteem fan dy skeakeler. "We zijn al sinds zondag bezig met het vinden van een oplossing, maar dat is nog niet gelukt", seit de wurdfierder. "Het is dus een hardnekkig probleem."

It probleem spilet net allinne yn Fryslân, mar ek yn Noard-Hollân, Gelderlân, Flevolân en in part fan Súd-Hollân.

Tal kastkes per troffen gemeente

Gemeente Tal kastkes
Achtkarspelen 3
Dantumadiel 3
De Fryske Marren 102
Hearrenfean 41
Ljouwert 6
Noardeast-Fryslân 1
Opsterlân 50
Súdwest-Fryslân 52
Tytsjerksteradiel 10
Waadhoeke 25
(advertinsje)
(advertinsje)