Kristlike frouljusbeweging fiert 100-jierrich jubileum yn De Lawei

02 apr 2019 - 15:49

Yn De Lawei yn Drachten is tiisdei it 100-jierrich bestean fan de kristlike frouljusbeweging yn Nederlân fierd. Boppedat is it dit jier presys 20 jier lyn dat de Nederlandse Christen Vrouwenbond (NCVB) en de Christelijke Plattelandsvrouwenbond (CPB) mei-inoar fierder giene ûnder de namme Passage en ek dat waard fierd.

Op it poadium fan in grôtfolle De Lawei is der praat oer literatuer en der wie muzyk. Passage organisearret jûnen en ekskurzjes foar de froulju. As se ienkear lid binne, bliuwe dat meastentiids ek, sizze se.

Oft de organisaasje oer 100 jier noch bestiet, is mar de fraach, jouwe de froulju sels ek ta. Dat soe dan benammen te krijen ha mei hoe't de maatskippij oan it feroarjen is wat it kristen wêzen oanbelanget.

De frouljusferiening wol de leden stimulearje om aktyf te wêzen yn de maatskippij. Neffens de organisaasje is it belang fan de frouljusferieningen noch altyd grut. Dochs ha sy wol wat soargen oer de gemiddelde leeftiid fan de leden. De jongsten binne om de 50 jier hinne en de âldsten om de 80 jier hinne.

Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie by de jubileumfiering fan Passage yn Drachten

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Op dit stuit binne der mear as 200 ôfdielingen fan de kristlike maatskiplike frouljusbeweging, mei yn totaal goed 10.000 leden. Ek op oare plakken yn Nederlân binne der regionale jubileumfieringen.

(advertinsje)