Gemeente: konstruksje iishockeyhal fan Thialf wie net akkoart

02 apr 2019 - 15:31

De gemeente Hearrenfean hat flaters makke by de renovaasje fan de iishockeyhal fan Thialf yn 2004. Ein ferline jier moast de hal in pear wiken ticht, nei't oan it ljocht kaam wie dat de konstruksje fan it dak net yn oarder wie.

Foto: Omrop Fryslân

By de renovaasje fan de hal yn 2004 wie al dúdlik dat bepaalde saken oanlein wurde moasten sadat it dak oer hurde wyn koe. Dat is doe net bard. Boppedat wie de bou al úteinset op it stuit dat de konstruksjetekeningen fan it dak kontrolearre waarden. "De bouwvergunning is op 10 juni verleend, de tekeningen zijn pas in oktober ingeleverd", seit boargemaster Tjeerd van der Zwan.

"Dat was toen ook gebruikelijk, om de vergunningaanvrager wat tijd te geven. Die tekeningen moeten wel 14 dagen voor aanvang bouw worden ingeleverd. De bouw is medio juni gestart en de tekeningen zijn dus pas in oktober ingediend."

Konstruksje ôfkard

Uteinlik karde de gemeentlike konstrukteur by de toetsing de konstruksje ôf. "In oktober heeft hij telefonisch laten weten dat er geen akkoord is. Op 5 november ook schriftelijk." Dat hat úteinlik net ta maatregels laat. De gemeente wit lykwols net wêrom. De tiidsdruk wie heech, seit de gemeente wol yn it 'feiterelaas'. Dêryn stiet ek dat net mear alles nei te gean is, want net alle stikken steane yn it dossier.

"Dat is natuurlijk heel onbevredigend, dat een aantal stukken niet in het dossier zitten en we de opvolging van de opmerkingen van de gemeentelijk constructeur niet kunnen zien", seit Van der Zwan. "We hebben de constructeur gevraagd, maar hij kan het zich niet meer herinneren."

"Net altyd ûnfeilich west"

Hat de hal dy hiele tiid ûnfeilich west? Dat is net te sizzen, neffens Van der Zwan. "Dat hebben we de extern constructeur gevraagd. Zijn opmerking was: er is een stabiliserende werking uit het dak gegaan, want anders was het dak bij de eerste storm al ingestort. Dat is niet gebeurd. Er zijn verder ook geen problemen geweest. Wél zal de stabiliteit steeds minder zijn geworden", seit de boargemaster.

"Waar de grens tussen veiligheid en ónveiligheid is gepasseerd, is onduidelijk. Toen we op 18 september de eerste signalen ontvingen, hebben we wel de hal op 5 december gesloten."

(advertinsje)
(advertinsje)