Skylge komt mei smook- en stookferbod yn natuergebieten

02 apr 2019 - 15:15

De gemeente Skylge hat in smook- en stookferbod ynsteld foar de natuergebieten op it eilân. It ferbod jildt foarearst oant freed 12 april.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Nei 12 april wurdt de situaasje op it eilân op 'e nij besjoen. De fegetaasje yn de natuergebieten is noch hiel drûch. Mei it each op de stevige noardeastewyn is it ferbod ynsteld.

De rein dy't de kommende dagen foarsein is, is neffens de gemeente 'verwaarloosbaar en heeft geen effect op de droogte'.

Dúnbrân

Dat de natuergebieten noch drûch binne, dat die moandeitenacht bliken nei't by in dúnbrân op Skylge in diel fan it dúngebiet lâns de Dwersdyk swartblakere rekke. Doe't de brânwacht fan it eilân oankaam, die bliken dat it in behoarlik grutte brân wie. De brânwacht hat de brân útmeitsje kinnen, mar dêrfoar hat in grut stik dún skea oprûn.

(advertinsje)