Stichting Iepenwacht Fryslân jout ipen fuort

02 apr 2019 - 15:04

Om wer mear ipen yn it Fryske lânskip te krijen, sil de stichting Iepenwacht Fryslân de beammen fergees plantsje. Ynwenners fan de njoggen gemeenten kinne harren derfoar oanmelde.

Foto: Stichting Iepenwacht Fryslân

De stichting docht al sûnt 2005 har bêst om de ypsykte ûnder kontrôle te krijen. In protte ipen binne ferdwûn troch de sykte. Dêrom wol de stichting no dus beammen plantsje by partikulieren en boerebedriuwen. De oanlis dogge se fergees, de nije 'eigener' moat de beammen wol duorsum yn stân hâlde.

De gemeenten dy't meidogge oan de stichting, binne It Amelân, Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Tytsjerksteradiel, Ljouwert, Waadhoeke, Harns, Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren.

Wa't meidwaan wol, moat him foar heal juny melde by de stichting.

(advertinsje)
(advertinsje)