Definityf: Freno komt net werom yn it sneinsfuotbal

02 apr 2019 - 14:39

VV Freno komt definityf net werom yn it sneinsfuotbal. In groepke leden fan SC Frjentsjer hie dat plan, omdat de klup takom seizoen ophâldt mei it prestaasjefuotbal op snein. Nei ûnderling oerlis hat it grutste part fan de sneinsseleksje fan SC Frjentsjer no dochs besletten oer te stappen nei de sneon.

Foto: Omrop Fryslân

De webside www.vvfreno.nl wie al registrearre, mar it oprjochtsjen fan in eigen klup giet dochs net troch. Ofrûne freed hat der oerlis binnen SC Frjentsjer west oer de ûntstiene situaasje.

It bestjoer fan Frjentsjer skriuwt op de eigen webside: 'dankzij een aantal mensen met hart voor SC Franeker, zijn er de afgelopen week vele gesprekken gevoerd. Het bestuur is zeer verheugd dat deze gesprekken er toe hebben geleid dat het overgrote deel van de huidige zondagselectie voor Sc Franeker behouden blijft en op zaterdag gaat voetballen'.

Trefwurden: 
fuotbal SC Frjentsjer Freno
(advertinsje)
(advertinsje)