Kuiergemeente fan it jier: Opsterlân, Raalte of Valkenburg aan de Geul

02 apr 2019 - 14:07

De gemeente Opsterlân is nominearre foar de titel kuiergemeente fan it jier 2019. De oare finalisten binne Raalte út Oerisel en Valkenburg aan de Geul út Limboarch. De ferkiezing wurdt organisearre troch kuierkrante Te Voet.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwers fan Te Voet hawwe it saneamde Vorstelijk Koningspad yn de gemeente rûn en binne dêr tige posityf oer. Op de webside fan Te Voet kin it publyk har stim útbringe op ien fan de trije gemeenten. De útslach wurdt foar in part bepaald troch dizze stimmen, mar in faksjuery jout úteinlik de trochslach.

Yn it ferline binne It Amelân en Skylge alris nominearre yn de ferkiezing fan kuiergemeente fan it jier, mar dy binne it doe net wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)