Museum Dr8888 stelt Nieske Ketelaar oan as ynterim-direkteur

Nieske Ketelaar sil fan 1 maaie 2019 ôf oan de slach as ynterim-direkteur fan Museum Dr8888. Se is de opfolger fan Paulo Martina, dy't by it Museum van Bommel van Dam yn Venlo as direkteur oansteld is.
© Museum Dr8888
Ketelaar wie earder wethâlder yn de gemeente Smellingerlân. Fierder is se sûnt jannewaris 2018 wurksum by Sense of Place. Ek hat se in soad projekten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd begelaat, ûnder oare Lost in the Greenhouse en Finestra Aperta.
Ketelaar sjocht út nei har nije baan. "Kunst en cultuur in brede zin en in Smallingerland in het bijzonder ligt mij al jaren na aan het hart. Ik ben altijd nauw betrokken geweest bij de cultuur in Smallingerland en ik kijk ernaar uit om het stokje over te nemen van Paulo Martina."