Wêr moatst as mantelsoarger foar help wêze?

02 apr 2019 - 13:10

Wêr moatst as mantelsoarger foar help wêze? Troch de fersnipeling fan stipe foar mantelsoarch yn alle gemeenten is dat in fraach dy't by in soad minsken spilet. Dat is ek wêrom't Omrop Fryslân dizze wike in aksjewike hat foar mantelsoarch.

Foto: Omrop Fryslân

Sietske van der Weg oer har wurk as koördinator by KEaRN

Sietske van der Weg is koördinator foar it stipepunt foar mantelsoarch by KEaRN, de wolwezenorganisaasje yn de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel en hat alle dagen mantelsoargers oan de telefoan.

Mei har wurk sjocht Van der Weg dat mantelsoargers tsjin ferskate dingen oanrinne. It grutste probleem is fraachfergelegenheid. "Der binne in hiel soad mantelsoargers dy't it swier ha, mar wy ha der te min sicht op. Mantelsoargers geane faak te fier. Se ha skamte foar wat der bart en prate dêr leaver net oer, mar dêrom freegje se ek net om help."

Op it momint dat it dan net goed giet mei dy persoan, dan slútst nei binnen ta.

Sietske van der Weg

Van der Weg besjocht dit ek út persoanlike ûnderfining, want se is sels mantelsoarger fan ien mei psychyske problemen. "Op it momint dat it dan net goed giet mei dy persoan, dan slútst nei binnen ta. Dan giest net dyn smoarge wask bûten hingjen en sikest net om help."

Dit kin oars, fynt se. "In oplossing is der net tink ik, mar der kin wol in kultueromslach komme." Neffens Van der Weg moat der mear each komme foar de mantelsoarger en moat dy mear begrepen wurde. "Dat kin as ynstellingen mear gearwurkje. Der komt bygelyks thússoarch foar ien, mar hoe't it mei de partner giet fan dy persoan, dêr wurdt te min nei sjoen. Wannear't alle soarchynstellingen dy't by ien oer de flier komt efkes oan de mantelsoarger freget: hoe giet it mei jo? Dat soe al safolle feroarje."

Van der Weg tinkt ek dat der dan folle mear mantelsoargers harren melde sille by it stipepunt. "Op dit stuit ha wy mar sicht op in topke fan de iisberch. Wannear't mantelsoargers dy't it swier ha op sa'n manier sinjalearre wurde kinne, dan kinne wy dêr wer op ynspylje."

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen.

Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

Trefwurden: 
mantelsoarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)