Claudy Jongstra makket keunstwurk foar Google op ynternasjonale wenbeurs

02 apr 2019 - 12:47

Keunstner en tekstylûntwerper Claudy Jongstra fan Spannum sil op de grutte ynternasjonale wenbeurs Salone del Mobile yn Milaan in keunstwurk tentoanstelle foar Google. Se is frege om mei te wurkjen oan de ynstallaasje 'A Space foar Being' fan it ynternetbedriuw. Jongstra leveret in panorama fan wol, fan 16 by hast 1,5 meter.

Claudy Jongstra - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Jongstra hat it projekt twa wiken lyn tawiisd krigen. Se wie doe yn New York en hie in ôfspraak mei in arsjitekteburo dêr't se earder in projekt mei die. It buro hie de opdracht fan Google krigen en by de presintaasje fan har wurk wiene se dêr fuortendaliks entûsjast. "Zo gaat dat vaker", seit Jongstra. "Ik heb dezelfde ervaring twintig jaar geleden ook een keer gehad in Londen. Toen zat ik ergens op het juiste moment, met de juiste mensen en toen kreeg ik de opdracht voor Star Wars." Yn de jierren 90 fan de foarige iuw waard se frege om stof foar kostúms fan de film te ûntwerpen.

Wolwêzen

Op de wenbeurs yn Milaan hat Google trije romten en ien dêrfan mei Jongstra ynrjochtsje. It projekt is ûnderdiel fan in neurologysk ûndersyk. Minsken krije in polsbantsje mei sensoaren om en as se yn de romte omstappe wurdt harren hertslach en bloeddruk mjitten. Sa wurde de belibbingen en de emoasjes fan de minsken fêstlein. Jongstra: "Je ziet een werk van mij en dan gebeurt er eigenlijk iets in je brein. Je brein weet dat wol, het materiaal dat ik gebruik, zacht is en dat maakt dat je brein zegt: dit is heel fijn en prettig."

Neffens Jongstra komt dêrmei wittenskiplik bewiis dat keunst op bepaalde lokaasjes essinsjeel is foar it wolwêzen fan minsken. Bygelyks yn sikehuzen, skoallen of op plakken fan besinning. It is belangryk dat minsken harren dêr noflik en op har gemak fiele, sa seit Jongstra.

Frysk goud

Nei it kulturele haadstêdjier is Jongstra hieltyd mear rjochte op wittenskip. Ferline wike is se ynaugurearre oan de Koninklijke Academie voor Wetenschap en Kunsten. "Dus de wetenschap ligt heel dichtbij. Wetenschappers met wie we nu werken in Húns en Spannum vinden onze plek zo belangrijk, omdat daar planten groeien die eigenlijk niet meer voorkomen en waarmee je prachtige recepten kunt maken uit de 15e, 16e eeuw. Dus dat erfgoed, die juwelen, straks in combinatie met die haptische ervaring... ik denk dat we echt Fries goud in handen hebben."

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Keunstner en tekstylûntwerper Claudy Jongstra

De ynternasjonale wenbeurs Salone del Mobile wurdt fan 9 oant en mei 14 april hâlden yn Milaan. Fanwege de koarte tiid sit der wol druk achter by Jongstra. Dat se yn Fryslân wennet en wurket hat dan allinnich mar foardielen, fynt se. "Hier kan alles en dat vind ik altijd zo verrukkelijk. We hebben alles in de buurt en we hebben een lokaal netwerk. Er zijn echt heel veel mensen die ons geholpen hebben en we verbouwen alles zelf. De werkplaatsen zijn allemaal lokaal, dus we hoeven niet producten te laten overvliegen uit verre oorden."

Jongstra mei noch neat sizze oer hoe't it wurk derút komt te sjen. It hat al wol in titel en dy wurdt nije wike tiisdei bekend makke. "Maar ik kan jullie verzekeren dat het een spectaculair werk is vanwege de verfijning, de kwaliteit en de poëzie die erin zit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)