Wa betellet de stroomkosten fan de famylje Ploegstra yn Rottum werom?

02 apr 2019 - 11:46

It liket in kafkaiaanske situaasje yn Rottum. De famylje Ploegstra wennet op in pleats by it doarp en betelle 24 jier lang net allinnich de sels ferbrûkte stroom, mar ek dy fan de iepenbiere strjitferlochting. Fraach is no oft se harren jild weromkrije.

Alles wat fia in transformatorhúske op it hiem fan de Ploegstra's ferbrûkt waard, krige de famylje op har rekken. Dat barde, omdat it transformatorhúske gjin eigen hûsnûmer hie. Nei't der nije kabels lutsen binne, is dat probleem oplost. Se betelje no hast 400 euro minder yn 'e moanne. Dat is in grut ferskil, dochs krigen se earder yn in rjochtsaak tsjin Liander net gelyk fan de rjochter. Nimmen fielt him lykwols ferantwurdlik om it ûnterjochte betelle bedrach werom te jaan. It giet om mear as 200.000 euro, sa hat de famylje berekkenje litten.

"It is in flater tusken Liander en de gemeente dêr't wy no de dupe fan wurde", seit Ploegstra.

Fjochtsje foar in oplossing

In petear ferline wike mei boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren hat neat opsmiten. De Ploegstra's witte eins net mear wêr't se no noch in oplossing fine moatte. "It sloopt ús", seit Lies Ploegstra.

Mei swiere striebalen ha se de tagongsdoarren fan it stroomhúske blokkearre. "Dy ha se der net sa mar wei. Wy fjochtsje foar in oplossing en roppe de boargemaster op: "Wês in fint en stean der foar!"

Lies en Wiebe Ploegstra út Rottum

(advertinsje)
(advertinsje)