Priis foar begraafplak yn Fryslân is relatyf leech, mar giet wol omheech
In gemeentlik begraafplak yn Fryslân kostet yn trochsneed 2.498 euro. Dêrmei heart Fryslân by de goedkeapere provinsjes yn Nederlân, sa docht bliken út sifers fan útfeartfersoarger Monuta.
Allinnich yn Noard-Brabân (2.352 euro) en Limboarch (2.048 euro) lizze de begraafplakkosten leger as yn Fryslân. De gemiddelde priis is yn Fryslân wol omheech gien. In jier lyn wiene gemeentlike begraafplakken yn Fryslân noch goedkeaper: 2.445 euro.
Priis gemeentlik begraafplak de provinsje
Plak | Provinsje | |
1. | Súd-Hollân | 3.838 |
2. | Utert | 3.825 |
3. | Noard-Hollân | 3.651 |
4. | Seelân | 3.155 |
5. | Gelderlân | 3.050 |
6. | Oerisel | 2.967 |
7. | Drinte | 2.944 |
8. | Grinslân | 2.800 |
9. | Flevolân | 2.661 |
10. | Fryslân | 2.498 |
11. | Noard-Brabân | 2.352 |
12. | Limboarch | 2.048 |
Flylân is ien fan de goedkeapste gemeenten: dêr kostet in begraafplak 1.100 euro. Yn Losser (Oerisel) en Beekdaelen (Limboarch) is it nóch goedkeaper: respektyflik 733 en 793 euro.
Kremaasjekosten
Kwa kremaasjes sit Fryslân dan wer by de djoerdere provinsjes. Dat kostet yn trochsneed 833 euro yn Fryslân. Kremearre wurde is allinnich djoerder yn Drinte, Flevolân en Gelderlân.