Sânwinningsbeslút ferdielt ried De Fryske Marren op 'e nij yn twaen

02 apr 2019 - 10:37

It beslút fan De Fryske Marren gjin sânwinning ta te stean yn de Iselmar soarge moandeitejûn yn de gemeenteried op 'e nij foar ferdieling. Sânwinner Royal Smals hie oankundige it beslút oan te fjochtsjen by de Ried fan Steat, mar it formele beslút fan de gemeente is noch altyd net publisearre en dus is it dreech dat oan te fjochtsjen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Boargemaster Fred Veenstra nei de gemeenteriedsgearkomste yn De Fryske Marren

De gemeente rint op aaien en hat ek eksterne juridyske stipe ynroppen om it riedsbeslút sterker te ûnderbouwen yn in saneamd 'herstelbesluit'. Dat om de kâns op suksesfolle skeaclaims foar te wêzen.

CDA en VVD, de foarstanners fan de winning, woene it leafst it werstelbeslút noch in wike útstelle of oars oanpasse. De rest fan de ried seach dêr gjin reden ta. It werstelbeslút waard dêrom oannaam sa as foarsteld, mei de neamde arguminten fan 13 febrewaris.

Moasje

De tsjinstanners fan de sânwinning hiene lykwols ek in opdracht foar it kolleezje. By moasje fan de FNP draacht dy mearderheid it kolleezje op, by de provinsje oan te kaarten dat ek dêr de ferklearring fan gjin beswier tsjin de sânwinning ynlutsen wurdt. Wichtichste reden is de sinjaalfunksje dy't dêr fan útgiet. Nammentlik dat der gjin inkelde romte mear is foar sânwinning. No net en letter net.

Wethâlder Frans Veltman lit witte dat hy noch net wit oft er dizze moasje wol útfiere wol. Hy hie, út namme fan it kolleezje, mei klam frege de moasje net oan te nimmen. Dat barde dus wol en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sil no tiisdei oerlizze hoe't se hjir mei om gean sille.

(advertinsje)
(advertinsje)