Britsk befeiligingsbedriuw nimt oerbleaune taak fallyt SecurCash oer
It Britske befeiligingsbedriuw G4S nimt de oerbleaune taak fan weardetransporteur SecurCash oer. It giet om it diel fan it bedriuw dat de transporten foar Nederlânske banken fersoarget.
De oername fan it bedriuw hat gjin gefolgen foar de wurkgelegenheid. De ûndernimmingsrieden fan beide bedriuwen soene posityf tsjinoer de oername stean. It is net bekend wat G4S foar SecurCash betelle hat.
Ferline jier gie SecurCash, mei ûnder oare in fêstiging yn Drachten, fallyt. Om dy reden waard yn maart yn it Fryske filiaal in feiling holden, wêrby't de ynboel fan it fallite jildtransportbedriuw ferkocht waard. Bygelyks pânsere jildtransportweinen, in telsintrale en in meldkeamer stiene doe te keap.