Kollum: "Nar des Vaderlands"

02 apr 2019 - 08:16

"EenVandaag stelde foarige wike nei in lyts ûndersyk fêst dat Nederlân polarisearret. Dy konklúzje brocht it Ynstitút foar de Nederlânske Taal derta om it wurd nuânse út de wurdboeken te skrassen. Dêr wie de Dikke Van Dale bliid om. Dy hie dochs al te min romte mei wurden as húsfrouljusporno, molloot, beurtbalkje, sukkelseks en mindfuck. In beurtbalkje is trouwens it balkje datst op de rinnende bân yn de supermerk leist, om foar te kommen dat de eigen boadskippen fleksiseksueel mei in oar syn boadskippen dogge."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"Hawar, polarisaasje, dus. Elk yn syn eigen bobbel op syn eigen bult. En dan sa lûd mooglik 'roeptoeterje'. It eigen gelyk as in findel yn de loft stekke, dat oaren yn dyselde bobbel dêr achteroan marsjearje kinne. Normale, beskaafde kommunikaasje en útwikseling fan stânpunten liket wat fan eartiids. Respekt foar in oar syn miening is like seldsum as stront fan in hobbelhynder. Dat is slim genôch. In ferdielde maatskippij wurdt op dy wize almar ferdielder.

Wat ek opfalt yn dat proses fan polarisaasje, is it folslein ûntbrekken fan humor. Minsken dy't achter it findel fan it eigen gelyk oanrinne, sjogge der allegear itselde út. Strakke kaken, útpûljende eagen, grimmitige, lulke koppen. Wylst humor alles relativearje kin. It nimt stress fuort en ferbynt. Humor kin foar treast soargje, en is wat dat oangiet it ideale glydmiddel. Boppedat is it hartstikke sûn.

As minsken slop fan it laitsjen lizze, komme nammentlik de stoffen endorfine en dopamine frij. Dy stoffen nimme pine fuort en jouwe jin in goed gefoel. Laitsjen fersterket it ymmúnsysteem en ferleget de bloeddruk. Allinne mar positive saken. Humor kin ek oan de kaak stelle. Fûnemintalisten links en rjochts ha dêr in bloedhekel oan, krekt as diktators en autokraten. Tink bygelyks oan de spotprinten fan Kurt Westergaard, oan Erdogan dy't in Dútske komyk opslute litte woe, oan Trump dy't Saturday Night Live fan 'e telefyzje helje wol.

Humor soe, mei oare wurden, in grutter plak yn ús persoanlik libben en yn ús maatskippij krije moatte. Want wat sizze bygelyks froulju dy't op 'e syk nei in relaasje binne? Dat se humor o sa wichtich fine by in man. Dy kwalifikaasje stiet boppe-oan harren listje mei winsken. Ferjit it sixpack en it sportyf foarkommen. It bedriuwslibben, noch sa wat. De earste advertinsje mei de tekst 'Gezocht: collega met humor' moat noch pleatst wurde, wylst dat faaks wol moatte soe. It blykt ommers dat bedriuwen, dêr't positive humor in grutte rol yn spilet, better prestearje.

Samar even wat foarbylden dy't my op de folgjende gedachte bringe. Om de polarisaasje yn ús maatskippij te kearen moat der in Nar des Vaderlands komme. Ien dy't alles mei de gek beslacht, it folk en syn bestjoer, ien dy't yngiet tsjin de hearskjende opfettingen en op dy wize de druk fan de tsjettel hellet. Dat sadwaande it Ynstitút foar de Nederlânske Taal nei ferrin fan tiid it wurd nuânse wer yn it wurdboek opnimme kin."

(advertinsje)
(advertinsje)