Toanielstik 'Mantelzorg omdat het …' trochbrekt taboe mei knypeach

02 apr 2019 - 07:51

'Mantelzorg omdat het ...' is in bysûnder toanielstik foar elkenien dy't te krijen hat mei mantelsoarch. Senioareteäter De Rimpel hat it toanielstik basearre op ûnderfiningen út de praktyk. "Mantelsoarch is in swier ûnderwerp en minsken wrakselje der hiel bot mei. Dan is humor ek wol ris winsklik."

'Mantelzorg omdat het...' - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

'Mantelzorg omdat het...' gie ferline jier yn premjêre. Regisseur Gea Struiksma fernaam dat der ferlet wie fan wat útlis oer mantelsoarch. "Ja, want wat is mantelsoarch eins? Omdat it moat, omdat it kin, omdat it aardich is, omdat it ferskriklik is?" It ferklearret fuortdaliks de trije punten efter de titel. "Foar elk is dat nammentlik oars. Dêrom hawwe wy ek puntsjes efter de titel setten, sadat elk it foar harsels ynfolje kin."

Humor makket relatyf

It 45 minuten duorjende toanielstik bestiet út koarte sketches. "In soarte fan kompilaasje út ferskillende koarte en humoristyske stikjes. Sa sykje wy, yn ien fan dy sketches, bygelyks in mantelsoarger foar in pasjint. Ien fan de aktrises spilet in pasjint dy't de kar hat út fjouwer mantelsoargers. It publyk siket dan mei har nei de goeie kandidaat. Dat dogge wy dan mei in soad humor."

Humor is hiel belangryk, neffens Gea. "Mantelsoarch is in dreech ûnderwerp. Minsken wrakselje der hiel bot mei. Wy wolle de minsken graach in humoristyske spegel foarhâlde, om it in bytsje te relativearjen."

'Mantelzorg omdat het...' - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Joke de Wit, ien fan de aktrisen dy't meidocht, is grutsk op wat it stik teweibringt. "Het is geweldig en dankbaar om mee te doen. Gezien de reacties van het publiek waar we tot nu toe voor gespeeld hebben, word je alleen maar enthousiaster. Die waren allemaal dik tevreden over onze voorstelling."

Kollega Gusta Oliver follet oan: "Het is ontzettend leuk om het naar de mensen toe te brengen en herkenning te geven. Dat zij er eigenlijk ook nog om kunnen lachen, hoe verdrietig hun situatie soms ook is."

It toanielstik 'Mantelzorg omdat het ...' is it hiele jier noch te sjen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje. Klik hjir foar mear oer De Rimpel.

Om sa ticht mooglik by de werklikheid te bliuwen, hellet De Rimpel alle sketches út de praktyk. "Dingen die we zelf hebben meegemaakt als mantelzorgster. Dan weet je wat er speelt en wat er voor hen van belang is. Hier sluiten wij met ons toneelstuk op aan."

Eigenlijk is alles wat we doen dan met een knipoog.

Joke de Wit, actrise 'Mantelzorg omdat het ...'

"We spelen hier met een enorme dosis humor op in, omdat we de mantelzorgers een leuke dag willen bezorgen," sa seit Joke de Wit. "Eigenlijk is alles wat we doen dan met een knipoog. Maar dat is juist zo leuk, je laat de mensen echt lachen om de dingen die ze meemaken. We proberen het een beetje te relativeren."

Teäter as spegel

"Teäter is júst goed om in spegel foar te hâlden, dat wurket it beste. Want ja, minsken komme net by ús te sjen, om te sjen hoe swier se it hawwe. Se komme just om de boel wat te ferjitten," seit Gea fol oertsjûging. "Der ek even mei laitsje en even út de soargen. Laitsje om dyn eigen soargen. Ek is it foar protte minsken hiel werkenber. Sy moatte er om laitsje omdat it echt sa giet."

Dit publyk bestiet net allinnich út mantelsoargers. "Ek oare minsken binne wolkom. Hieltyd mear minsken krije mei mantelsoarch te meitsjen."

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)