OPROP: ​​​​​​​Wa hat it bêste idee foar in sjoernalistyk ûndersyk?

02 apr 2019 - 07:22

De regionale omroppen Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost en ûndersyksplatfoarm Follow the Money wurkje gear op sjoernalistyk mêd. It mienskiplik publyk kin in ûndersyksfoarstel yntsjinje. Elkenien kin stimme op syn of har favorite Pitch. Sa kin publyk yn Noard-en East-Nederlân meibepale wat ûndersocht wurdt.

Foto: Follow the Money

Watfoar misstân moat oan it ljocht brocht wurde? Watfoar maatskiplik tema moat neier útsocht wurde?

Hoe kinst dyn idee trochjaan?

Dat kin mei Pitch: publyk kin sels ideeën yntsjinje en stimme. We ferwachtsje in útwurke, mar benammen beärgumintearre foarstel. Wêrom moat it ûndersocht wurde? Wa kinne dêrmei helpe?

Lêzers fan de foarstellen kinne kommentaar leverje, oanfollingen jaan en tsjinsten oanbiede. Sa wurdt it idee allinne mar better. Op social media kinst oer dyn foarstel skriuwe, brûk dêrfoar de hashtag #noordoostpitch. It winnende foarstel krijt in passende beleanning, nammentlik dat it útfierd wurdt.

Op dizze webside kinst dyn ideeën kwyt: https://www.omropfryslan.nl/pitchnoordoost.

Dit jier wurde op syn minst fjouwer projekten útfierd.

Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost ha begjin dit jier in oerienkomst sletten dêr't se struktureel gearwurkje sille op it mêd fan ûndersykssjoernalistyk. Troch dat mei elkoar te dwaan, kinst mear boppe wetter krije, dat is it idee derachter.

(advertinsje)
(advertinsje)