SC Cambuur set 6-0 meunsterskoare del tsjin Jong Ajax

Sportklub Cambuur hat moandeitejûn in meunsterskoare delsetten tsjin Jong Ajax. Yn Amsterdam waard mei 6-0 wûn. Nei in tige sterke start stie it by it rêstsinjaal al 5-0. Sam Hendriks (2), Matthew Steenvoorden (2) en Nigel Robertha (2) wiene de doelpuntenmakkers. It wie de grutste útoerwinning foar Cambuur ea.
SC Cambuur set 6-0 meunsterskoare del tsjin Jong Ajax
Nei de thúsnederlaach freed tsjin Almere City hiene de Ljouwerters wat rjocht te setten. Dat wie de earste helte fuortendaliks dúdlik. By de earste kâns wie it raak. Ajax-keeper Dominik Kotarski liet yn de njoggende minút in bal los dêr't Sam Hendriks attint op reagearre troch de bal yn it goal te tikje.
Ek de twadde kâns wie in doelpunt. Ut in frije traap fan Robin Maulun wie it Matthew Steenvoorden dy't frij ynkoppe koe. Efkes like it derop dat Cambuur ek noch foar de tredde kear yn in kertier jûgje koe, mar Hendriks stie bûtenspul.
Nigel Robertha

Cambuur bliuwt skoaren

Nei de twa iepeningsgoals wie it noch net klear foar Cambuur. Yn de 22e minút wie it Sam Hendriks dy't nei in goeie aksje by de twadde peal Nigel Robertha fûn. Dy koe de foarset fersulverje: 0-3. De Ljouwerters bleaunen trochgean mei skoaren.
Robertha koe nei in aksje de bal hurd en leech yn de hoek sjitte en syn twadde fan de jûn meitsje. Ek Hendriks woe syn twadde meitsje en waard holpen troch de keeper fan de Amsterdammers. Kotarski levere de bal samar yn by Robertha, dy't Hendriks in net te missen kâns joech op de 0-5. Dat wie ek de rêststân.
Robbert Schilder

Rêstich oan yn twadde helte

Yn de twadde helte wie der in stik minder fjoerwurk te sjen. Cambuur like oan it begjin fan de twadde helte tefreden te wêzen mei de grutte skoare dy't se yn de earste helte delsetten hiene. Dêr tocht Steenvoorden lykwols oars oer. De ferdigener makke ek syn twadde doelpunt fan de jûn. Hy kopte raak út in hoekskop fan Maulun. Dat wie ek it lêste doelpunt fan de wedstriid. De 6-0 oerwinning betsjut de earste oerwinning fan Cambuur op Sportpark De Toekomst tsjin Jong Ajax.
Troch de oerwinning klimme de Ljouwerters op de ranglist oer Jong Ajax hinne. Cambuur hat 47 punten út 32 wedstriden en stiet op in njoggende plak.
René Hake
Jong Ajax - SC Cambuur: 0-6 (0-5) 8. 0-1 Sam Hendriks, 11. 0-2 Matthew Steenvoorden, 22. 0-3 Nigel Robertha, 32. 0-4 Robertha, 37. 0-5 Hendriks, 68. 0-6 Steenvoorden
Opstelling SC Cambuur: Mous, Van Wermeskerken, Steenvoorden, Mbende, Schilder (76/ Van den Beemt), Sambissa, Jansen, Maulun (73/ Schindler), Ciganiks, Hendriks, Robertha (69/Kallon)
Radiogoals Cambuur op muzyk
© Dijks Fotografie