Postma nei earste dei tefreden mei in tsiende plak; Bouwmeester sechsde

Nei ien dei silen stiet Finn-siler Pieter-Jan Postma op in tsiende plak yn de Prinses Sofia Cup. Postma kaam op it wetter yn Palma de Mallorca yn de earste race as fyfde oer de streek en yn de twadde race sylde hy nei in achtste plak.
© Pedro Martinez/Sailing Energy
Postma sjocht tefreden werom op de earste dei, mar sjocht ek dúdlike ferbetterpunten: "Het was een dag met plussen en minnen. Het is natuurlijk supergaaf om hier te racen met de wereldtop. Geweldig om weer mee te maken. Maar ik heb zelf wel een paar strategische foutjes gemaakt en de snelheid liep nog niet helemaal. Het is nog even duwen en trekken, maar gelukkig waren er ook veel goede dingen. Morgen hopelijk net iets betere starts en een iets betere downwind-strategie. We groeien wel in het evenement!"
De Prinses Sofia Cup is foar Postma de earste seleksjewedstriid foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio. Hy hat yn de Finn-klasse konkurrinsje fan Nicholas Heiner. Der kin mar ien Nederlanner meidwaan oan de Olympyske Spelen. Heiner stiet nei dei ien op in 12e plak.

Marit Bouwmeester

Ek Olympysk kampioene Marit Bouwmeester kaam yn aksje op de Sofia Cup. Mei in tolfde en in earste plak stiet se no sechde yn it klassemint fan de Laser-klasse. Kwalifikaasje foar de Olympyske Spelen spilet foar har net, dat hat se ferline jier al dien.
© Omrop Fryslân
"Der stie net in soad wyn, dy't ôfwaaiend wie. De earste race wie hiel dreech, mei in soad draaiïngs en drukferskillen. Mar ik ha in goede wedstriid syld en goede beslissings makke. Allinnich it resultaat wie eins wat minder goed as it nivo fan silen, mar docht neat ôf oan de manier wêrop't der syld is", fertelt se.
"Foar de twadde race draaide de wyn 180 graden en hienen we seewyn. Doe ha ik fan begjin oant ein laat. Dat is fijn! In soad dingen dy't we dizze winter oefene hawwe, kamen nei foaren, dus dat is in befêstiging dat we mei de goede dingen dwaande binne."
De wedstriden om de Prinses Sofia Cup by Palma de Mallorca duorje noch oant en mei sneon.