Michiel Schrier: "De SP stak vroeger ook de middelvinger op naar de gevestigde orde"

It wiene desastreuze ferkiezings foar de SP. Yn Fryslân rekke de partij mear as de helte fan syn provinsjale sitten kwyt: fan fiif nei twa. Wat gie der by de SP mis by de ferkiezingen? En hoe sil it no fierder?
Michiel Schrier yn It Polytburo
Listlûker Michiel Schrier is tige teloarsteld. "Als je zo'n partij ziet die geen campagne heeft gevoerd, dan maakt dat je kwaad." Schrier tinkt dat de SP miskien wat te nuansearre wie yn har stânpunten en dat se dy oars nei foaren bringe moatten hie. "Mensen snappen het niet meer. Je moet een heldere boodschap hebben en die goed overbrengen."
De SP soe miskien net genôch har eigen belied útfierd hawwe en ôfstraft wêze foar fjouwer jier ynleverje yn it kolleezje. "Deze tendentie, van dat de helft van de SP verdween, was gewoon in heel Nederland te zien."

Fûler lûd

Neffens guon minsken hiene Schrier en syn partij wol fûler wêze mochten tsjin bygelyks de REC yn Harns. As opposysjepartij hie de partij in skerper lûd hearre litten as no yn it kolleezje. "Als je in de oppositie zit, kun je veel meer de grenzen opzoeken van wet- en regelgeving. Maar als je bestuurder bent, dan heb je daar wel mee te dealen."
In soad SP-stimmers hawwe by dizze ferkiezings foar Forum voor Democratie keazen. "Wij waren vroeger ook de partij die de middelvinger opstak naar de gevestigde orde. Je ziet nu dat die rol door de 'new kid on the block' is overgenomen. Dan moet je als SP weer gaan kijken waar je voor staat, wat je kernwaarden zijn. Die moet je weer duidelijk naar voren gaan brengen, zodat die anti-establishment-partij weer kunt worden."

Takomst

Schrier tinkt dat minsken har ynteresse foar de partij miskien wat ferlern hawwe, omdat de partij net helder genôch ferteld hat wat har ferhaal is. Mar is der noch wol plak foar de SP? Schrier sjocht noch wol takomst foar syn partij. "Ik denk dat wij de enige partij zijn die haar idealen zo ver doorvoert. Dat kunnen wij heel goed en daar hebben we hele goede mensen voor in de Tweede Kamer, maar ook in alle provincies en gemeentes."

Opposysje

Schrier ferruilet syn funksje fan deputearre foar dy fan steatelid. De partij sil nei alle gedachten yn de opposysje komme, want Schrier sjocht foarearst gjin rol foar de SP yn in koälysje. "Ik heb ook gezegd tegen de verkenner dat ik geen rol zie voor de SP in de coalitie. Je moet je afvragen: wat wil je zelf ook? Als je goed oppositie voert, dan kun je een heel belangrijke rol vervullen in de politiek."