Sportoersjoch: Fuotbal, iishockey, kuorbal, judo en iisspeedway

01 apr 2019 - 18:08

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Sportklup Hearrenfean pakte yn de dying seconds de oerwinning op Excelsior. Yn it Abe Lenstra stadion waard it 1-0 tsjin Excelsior. Doelpuntemakker wie ynfaller Pelle van Amersfoort, dy't Stijn Schaars ferfong. Oanfierder Schaars wie it dêr beslist net mei iens. De grutte útblinker by de Friezen wie lykwols Warner Hahn. Mei ferskate knappe rêdingen hold er syn doel skjin.

IIshockey

De iishockeyers fan It Hearrenfean, de UNIS Flyers, diene it minder goed. Se striden yn de BeNe-League om de lânstitel tsjin it Belgyske Herentals. Sneon hiene de Flyers winne moatten om noch in kâns te meitsjen, mar dat slagge net. De titel gie nei Herentals en de Flyers slute it seizoen ôf sûnder haadpriis.

Kuorbal

We sjogge ek yn Papendrecht foar de play-offs yn de Kuorbal League. LDODK spile dêr syn earste wedstriid tsjin PKC. Yn de heale finale giet it derom wa't it earst twa kear wint. LDODK hat it altyd dreech yn Papendrecht en dat wie no net oars. It is noch net ferlern: takom wykein moat LDODK thús winne. As dat slagget, komt der yn Papendrecht in beslissende tredde wedstriid.

Judo

Judoka Sanne Vermeer fan Stiens die it goed by de Grand Prix fan Tbilisi, yn de haadstêd fan Geörgie. Yn de kategory -63 kilo pakte se de gouden medalje. Se fersloech Geke van den Berg yn de finale binnen in minút.

IIsspeedway

De reedriders en shorttrackers binne fan it iis ôf en dus koene de iisspeedwayers harren útlibje op Thialf. Freed waard de Roelof Thijs Bokaal holden, sneon en snein de lêste races om it wrâldkampioenskip. Dêr diene twa Friezen oan mei: de hiel jonge Jimmy Tuinstra (18) en de ôfswaaiende Simon Reitsma.

Fierder

We prate ek noch oer de earste races yn it Formule 2-seizoen mei Nyck de Vries en oer de follybalsters fan VC Snits.

(advertinsje)