Betelle mantelsoarch: "Sûnder my kin hy eins net thús wenje"

01 apr 2019 - 17:44

Efkes boadskippen dwaan, bôle smarre of in boek lêze: de measte minsken dogge it sûnder derby nei te tinken. Mar ast it net mear sels dwaan kinst, wat moatst dan? Dan bist oanwiisd op mantelsoarch. Dat kin fansels yn de eigen omjouwing, mar wat no as der gjinien is dy't dy helpe kin? Dan kinst ek in mantelsoarger ynhiere, bygelyks fia Saar aan Huis. Ien fan de 'Saars' is Marjon Haanstra. Sûnt dizze simmer wurket sy as mantelsoarger foar David Buurma (92).

REPO Saar aan huis

Marjon hat har yn febrewaris 2018 ynskreaun by Saar aan Huis. Dat is in organisaasje foar partikuliere thússoarch, dêr't mantelsoargers ynhierd wurde kinne om fan alles te dwaan. Kinst it sjen as in betelle mantelsoarger. Sels hat Marjon gjin soarcheftergrûn, mar foar dit wurk hoecht dat ek net. Ofrûne simmer waard se oan har earste kliïnt keppele: David Buurma.

Sûnt dy tiid komt se twa kear yn de wike by him. Se helpt Buurma mei de administraasje, boadskippen, mar giet ek mei him troch foto-albums, praat in hiel soad mei him en hat bygelyks syn hiele struktuer yn de kasten ferbettere.

"Hy fielt as in heit foar my"

Marjon is mar wat bliid mei har kliïnt. "Hy fielt echt as in heit foar my. Ik help him ek folle mear as allinnich dy twa kear yn 'e wike. Hy bellet my as der wat is of as hy earne hinne moat mei de auto."

Foto: Omrop Fryslân

David Buurma is 92 jier en hat twintich jier skûtsjesiler west op it skip fan Zwaga. Buurma hat net in protte kontakt mei syn bern. "Te weinig", seit er sels. Hy hie trije bern. Ien fan syn soannen is stoarn, syn dochter wennet yn Rotterdam en syn soan yn Amsterdam. "Ik vraag wel eens aan ze: waarom komen jullie niet vaker langs? Maar ze hebben beide een druk bestaan."

PETEAR FH Mantelsoarchwike

Met raad en daad staat ze me bij.

David Buurma

Dêrom is it foar him ekstra wichtich dat Marjon him helpt. "Saar aan Huis betekent heel veel voor mij. De thuiszorg heeft weinig tijd voor me en er komt altijd iemand anders. Maar met Marjon is dat heel anders. Met raad en daad staat ze me bij."

Goed gefoel

David syn sûnens hat altyd al in probleem west yn syn libben. "In de oorlog ben ik gewond geraakt aan mijn been. Er was geen penicilline, waardoor ik altijd mank liep en nu niks meer met dat been kan." Buurma kin dêrom net mear goed rinne en sit de measte tiid fan de dei yn de stoel. Dochs wol er graach yn syn eigen hûs bliuwe. "Ik ga hier gestrekt vandaan", seit er.

"Mar sûnder my soe hy eins net thús wenjen bliuwe kinne", fertelt Marjon. "Hy belle my bygelyks in kear op, omdat hy in lûd hearde en net fan de stoel komme koe om te sjen wat it wie. Dan is er hiel hiel benaud en bin ik de iennige dy't him helpe kin. Dêrom jout dit wurk my ek sa'n goed gefoel."

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen.

Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers.

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

Trefwurden: 
Saar aan Huis mantelsoarch
(Advertinsje)
(Advertinsje)