Skylger havenmaster Liesbeth de Haan is Belgysk kampioen frachtweinlûken

01 apr 2019 - 17:32

Yn Fryslân wie yntusken wol bekend dat havenmaster fan Skylge Liesbeth de Haan in sterke frou is. Mar dat witte se no yn België ek. De Haan hat dêr snein it Belgysk kampioenskip frachtweinlûken wûn.

Foto: Omrop Fryslân

Liesbeth de Haan oer de wedstriid

"Ik moest een vrachtwagen van elf ton trekken. In hele korte tijd moet je een enorme krachtexplosie hebben", fertelt De Haan. "Je moet hangen, je moet vertrouwen hebben in je materialen en dan de kracht uit je benen halen. Het is voor mij nog vrij nieuw, want ik doe het nog maar een jaar."

De Haan har dochter joech har op foar de wedstriid. De folgjende wedstriid is de kwalifikaasje foar it Nederlânsk Kampioenskip. "In Nederland is er veel meer belangstelling voor de vrouwenkrachtsport, dus we moeten ons kwalificeren."

(advertinsje)
(advertinsje)