Heale finale LDODK is 'Wedstriid fan de Wike'

LDODK wol graach skiednis skriuwe en foar it earst yn de histoarje de kuorbalfinale yn de Ziggo Dome behelje. De earste wedstriid tsjin PKC waard ôfrûne sneon kânsleas ferlern. Om in beslissende tredde wedstriid ôf te twingjen, moatte de Gordyksters sneon winne fan PKC. It is de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.
It is de twadde kear yn de skiednis fan de klup dat LDODK yn de heale finale stiet, mar se wolle mear op De Gordyk. Dan moat der wol wûn wurde tsjin PKC. "En dan sil it oars moatte as yn de earste helte fan de earste wedstriid", wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Want by it skoft stie der ôfrûne sneon in 20-8 efterstân op it skoareboerd." Mocht LDODK sneon winne, dan is der tiisdei 9 april in beslissende tredde wedstriid yn Papendrecht.
De wedstriid tusken LDODK en PKC is sneontejûn live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio, yn in ekstra sportprogramma. Dêrby ek in ferslach fan it duel tusken de follybalsters fan VC Snits en Flynth Fast.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.