By Brabânske drugssaak sit Frysk spoar; skuorre yn Aldebiltsyl moast drugslab wurde

01 apr 2019 - 17:01

Brabânske drugskriminelen stienen moandei foar de rjochter yn Den Bosch. Se wienen ûnder oare dwaande yn Fryslân. Yn in skuorre yn Aldebiltsyl wienen se dwaande in drugslab te bouwen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Nei in tip yn 2017 ûntduts de plysje in netwurk fan sa'n tsien man. Goed in healjier letter hat de plysje ynfallen dien en ferskate minsken oanhâlden.

It spoar yn it ûnderyk late ek nei Aldebiltsyl. Dêr wienen se neffens it Iepenbier Ministearje dwaande mei it opbouwen fan in speedlab yn it bûtengebiet fan it doarp. Cornelis hat in skuorre achter hûs dy't te hier stie. Hy is ek fertochte yn de saak.

Neat fertochts

Op in dei waard by him oanbelle. "Bij mij kwam iemand aan de deur en die betaalde vooruit. Je gaat niet uit van zoiets", sei er yn de rjochtbank. It hierkontrakt gie op 1 oktober 2017 yn. Hy seach wolris in auto it hiem opriden en der waard wat ferboud, mar der wie neat fertochts neffens him. Ek net doe't der ynienen in caravan delset waard. Dat wurdt wol faker dien yn de túnbou, foar de seizoensarbeiders fan fier, mar ek foar drugsprodusinten dy't fan fier komme. Dy caravan wie fan in man út Den Bosch.

De plysje fotografearre tal fan Brabanners yn Aldebiltsyl. Ek seagen se mannen by boumerken. Neffens saakkundigen wie it Fryske lab noch yn oanbou. Dêr soe speed makke wurde moatte. Ien fertochte joech ta dat er yn de skuorre west hie om twa wandsjes te setten.

Yn de rjochtseal wienen tsien fertochten. De offisier komt tiisdei mei de easken. De útspraak wurdt net earder as begjin maaie ferwachte.

Ferslachjouwer Willem-Jan Joachems fan Omrop Brabân

Trefwurden: 
rjochtbank drugs Aldebiltsyl
(advertinsje)