Omrop Fryslân op lanlike telefyzje, fiif fragen oer Kijk op Fryslân

It Fryske nijs is fan dizze moandeitejûn ôf ek alle wurkdagen yn in spesjaal programma te sjen op NPO 2. Nei it NOS Journaal fan 18.00 oere is in fiif minuten duorjend regiosjoernaal te sjen, makke troch Omrop Fryslân. Yn 'Kijk op Fryslân' is in koart oersjoch te sjen fan it wichtichste nijs út Fryslân. Wat is 'Kijk op Fryslân' krekt? Wy leinen projektlieder Sybren Terpstra fiif fragen foar.
© Omrop Fryslân
Wat sjoch ik yn 'Kijk op Fryslân'?
"Yn 'Kijk op Fryslân' is it wichtichste Fryske nijs fan dy dei te sjen. Ek sit der altyd in aardichheidsje yn en fansels alle dagen oan de ein fan de útstjoering it Fryske waarberjocht fan ús waarman Piet Paulusma. It programma is alle wurkdagen nei it NOS Journaal fan 18.00 oere op NPO 2 te sjen."
Wa sille it presintearje en yn hokker taal dogge sy dat?
"De útstjoering is yn it Frysk. We hawwe deroer neitocht om de útstjoering te ûndertiteljen, mar dat is yn dizze proef technysk net mooglik. Boppedat hat út ûndersyk bliken dien dat de measte ynwenners fan Fryslân it Frysk wol fersteane. De presintaasje fan Kijk op Fryslân wurdt dien troch Afke Boven, Timo Jepkema en Jantine Weidenaar. Sy kombinearje dat mei harren presintaasjetsjinst fan Fryslân Hjoed."
Moatte Timo, Afke en Jantine dêrfoar dan alle dagen nei Hilversum?
"Nee gelokkich net. We nimme de útstjoering gewoan op yn ús eigen studio yn Ljouwert en besykje 'Kijk op Fryslân' safolle mooglik yn ús deistige wurkwize yn te plannen. It is fansels ek sa dat itselde nijs ek yn Fryslân Hjoed komt, dus dat hoecht net dûbeld makke te wurden. Der wurde wol ekstra minsken foar ynset, hjirfoar krije we jild fan it Ryk. De útstjoering wurdt oan 'e ein fan de middei opnommen en dan ferstjoerd nei Hilversum."
© Omrop Fryslân
Kin elkenien yn Fryslân dit sjen?
"Nee, spitigernôch noch net. Allinne de minsken dy't in kabelabonnemint hawwe by Ziggo en Kabelnoord kinne de útstjoering op NPO 2 sjen. KPN docht no noch net mei oan de proef. We hoopje en geane der fanút dat as de proef trochset wurdt alle kabelbedriuwen uteinlik wol meiwurkje sille. Minsken dy't gjin Ziggo of Kabelnoord hawwe, sjogge in gearfetting fan regionijs út hiel Nederlân."
We hoopje dat troch de útstjoeringen op NPO 2, noch mear minsken nei Omrop Fryslân telefyzje sjen sille.
Sybren Terpstra
Hoech ik it nijs dan hielendal net mear by Omrop Fryslân te folgjen?
"Fansels wol! Allinnich it wichtichste Fryske nijs sil te sjen wêze yn 'Kijk op Fryslân', mar de items binne koarter en foar de echte djipgong moatte je dochs echt nei Omrop Fryslân telefyzje. We hoopje dat troch de útstjoeringen fan 'Kijk op Fryslân' noch mear Friezen nei Omrop Fryslân telefyzje sjen sille, om't se benijd binne nei wat der noch mear yn Fryslân bart."
"Boppedat bliuwe de reguliere programma's lykas Fryslân Hjoed, Hea! en it lange waarberjocht fan Piet Paulusma op ús eigen stjoerder te sjen. En mochten jo dan echt gjin tiid hawwe om nei Omrop Fryslân telefyzje te sjen, dan kinne jo fansels ek altyd noch op de hichte bliuwe fia Omrop Fryslân radio, Omropfryslan.nl en de Omrop-app."
'Kijk op Fryslân' is alle wurkdagen te sjen op NPO 2 nei it NOS Journaal fan 18.00 oere. Neist Omrop Fryslân dogge ek Omroep Gelderland en RTV Rijnmond mei oan de proef. It giet om in gearwurking tusken de RPO, NPO en in tal kabelmaatskippijen. Sjoch foar mear ynformaasje op Omropfryslan.nl/aksje.