De minút fan Reitse: alle dagen in tip fan telefyzjekok Reitse Spanninga

01 apr 2019 - 15:58

Alle dagen komt telefyzjekok Reitse Spannninga tenei yn it Omropradioprogramma De middei fan Fryslân mei 'De minút fan Reitse'. Of moatte we sizze: de menu-t fan Reitse... Fjouwer kear yn de wike jout er in tip, dat kin gean oer hoe'tst it bêste bakke kinst oant in lekker resept dat er samar mei ús dielt.

Foto: Omrop Fryslân

"We ha it alle dagen oer iten, it is wichtich", fertelt Reitse Spanninga. "Ik wol graach tips oan de harkers meijaan. Dat kin fariearje fan in resept oant in weetje of wat oer de histoarje fan produkt. Ien ding is wis, it giet altyd oer iten yn it 'menu-tsje' fan Reitse."

"Ik sis altyd: Lekker ite is in foarm fan gelok. En dêr moatte jo ek de tiid foar nimme, elk hat it drok, mar ite is wichtich. Ik wol minsken dêr graach entûsjast foar meitsje."

Soerdaai

Dizze earste kear trapet er ôf... mei in ferhaal oer soerdaai (zuurdesem). "Soerdaai is eigenmakke natuergist. In bakker yn Makkum wurket al jierren mei soerdaai. It is in iuwenald produkt en bestiet út in memmedaai."

Wat dat krekt is en hoe't dat no sit? Harkje nei Reitse yn syn minút.

Reitse Spanninga

Fan moandei oant en mei tongersdei dus om 15.40 oere de tip fan Reitse! Al syn tips kinst weromfine op de programmaside fan De middei fan Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)