Gemeente skrast plannen muzykfestival Garden of Dance

01 apr 2019 - 15:25

De gemeente Súdwest-Fryslân skrast de plannen foar it festival Garden of Dance op it Feemerkterrein yn Snits, yn de Snitswike. It grutte parkearterrein by de Feemerkhal soe foar it earst njoggen dagen lang it toaniel wêze fan it festival. Dat waard yn de jierren hjirfoar lykwols altiten yn de tún fan it stedhûs organisearre.

De Snitswike begjint altyd mei de tradisjonele floatskou by de Wetterpoarte - Foto: Omrop Fryslân

Omwenners en ek ûndernimmers yn it sintrum wiene dêr poer op tsjin. Sy binne benaud foar drokte en oare oerlêst. De gemeente hat nei oanlieding dêrfan besletten om de plannen foar dit jier net fierder troch te setten. Oft Garden of Dance no op in oare lokaasje hâlden wurde sil, is noch net bekend. Dêr wurdt noch oer praat.

Anton van Rooijen, ien fan de omwenners fan it Feemerkterrein

Omwenner Anton van Rooijen is tige wiis mei it nijs. "Ik tink net dat de gemeente yn de gaten hie dat it gewoan om in wenwyk giet. Ik bin bliid dat we dit dúdlik meitsje hawwe kind", fertelt er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)