Moadeketen Sissy-Boy freget útstel fan betelling oan

01 apr 2019 - 15:03

Moadeketen Sissy-Boy, mei ek in fêstiging yn Ljouwert, hat útstel fan betelling oanfrege. It bedriuw kampte sûnt ôfrûne jier mei ôffallende ferkeapen. Der waard doe in keaper socht om de saak oer te nimmen, mar dy hat him ûnferwachte weromlutsen.

Foto: Google Street View

Yn de Benelux hat Sissy-Boy 45 filialen. Der wurkje sa'n 600 minsken. De Brand Retail Group, dy't sûnt novimber 2017 eigner is, ûndersiket mei it management oft der in trochstart mooglik is.

Trefwurden: 
Sissy-Boy moadeketen
(advertinsje)
(advertinsje)