Twa learlingen fan Beyers Naudé winne priis foar profylwurkstik

01 apr 2019 - 14:44

Twa learlingen fan Beyers Naudé, it kristlik gymnasium yn Ljouwert ha de profylwurkstikpriis fan de Rijksuniversiteit Groningen wûn. It giet om Janke de Vries en Lisanne Ledegang, learlingen út de sechsde klasse.

Foto: Beyers Naudé

Alexander de Grote

De beide learlingen ha útsocht hoe't de relaasje fan Alexander de Grote en Hefaistion wie. Yn in yn 2004 útbrochte film fan Oliver Stone oer Alexander de Grote, waard er delset as in homoseksueel. Janke en Lisanne ha útsocht hoe wier oft dat byld is.

De beide eksamenkandidaten mochten freed yn Grins de Marie Lokepriis yn ûntfangst nimme. Yn it sjueryrapport stie: "De leerlingen schreven een verbluffend goed profielwerkstuk: analytisch zeer sterk met een wetenschappelijke attitude. Als lezer word je helemaal meegenomen in het verhaal: je weet meteen wat er met het onderzoek gaat gebeuren."

"Alexander de Grote wie in feroverer yn de fjirde iuw foar Kristus. Nei it sjen fan de film yn de klasse dêr't er in leafdesrelaasje hat, ha we ûndersocht oft dat ek yn de klassike teksten werom te finen is", fertelt Janke de Vries. "We ha by Tresoar de Grykske teksten fûn en sels fertaald. We seagen dat se wol goede freonen wienen, mar dat se gjin lichaamlike relaasje hienen."

"We ha in tsien krigen! En we binne hiel wiis mei it sjueryrapport. We hienen net tocht dat it dit nivo wie, it fielt hiel fijn dat oaren dat sizze", seit Lisanne Ledegang. "We ha in soad tegearre dien en brainstoarme. We ha besocht de lêzer stap foar stap mei te nimmen yn it ûndersyk."

Foto: histoforum.net

Marie Elise Loke (1870-1916) wie lektor oan de Rijksuniversiteit Groningen yn de Nij Frânske taal- en letterkunde. Se wie de earste froulike lektor yn Nederlân.

(advertinsje)
(advertinsje)