Earste offisjele foksintrum foar readbûnte kij yn Haren (Grinslân)

01 apr 2019 - 14:38

It melkfeebedriuw fan de famylje Woldring yn Haren yn Grinslân is útroppen ta it earste offisjele foksintrum foar Frysk Readbûnt fee. It bedriuw hat de titel krigen fan de Stichting Zeldzame Huisdierrassen. Op it bedriuw yn Haren steane likernôch 200 kij fan dit ras; dat is de helte fan it folslein tal readbûnt fee dat der noch is. De readbûnte ko wurdt mei útstjerren bedrige.

Nonja Remijn fan de Stichting Zeldzame Huisdierrassen jout oan dat Sandra en Harald Woldring har tige ynset ha foar it behâld fan Frysk Readbûnt fee. Se neamt de Woldrings echte ambassadeurs.

Fryske readbûnte kij - Foto: Omrop Fryslân

Dit is een mooie kers op de taart.

Sandra Woldring

Sandra Woldring is tige bliid mei de erkenning. "We zijn er heel erg blij mee en trots op", seit se. It docht harren hiel goed, foaral omdat se jierrenlang fochten ha om de kij te hâlden. "Dit is een mooie kers op de taart."

Se doelt op de grutte ûnwissens dêr't harren bedriuw jierrenlang yn sitten hat, troch de strangere fosfaatregels. In grut part fan de kij soe fuort moatte, mar úteinlik waarden se erkend as saneamd 'knelgeval' en koene se troch mei harren bedriuw.

Fraachbaak

De Harenaren wolle de kennis dy't se no hawwe graach diele. "We willen een vraagbaak zijn voor mensen die informatie willen hebben over Fries Roodbont vee." It is wol opmerklik dat it earste foksintrum net yn Fryslân, mar yn Grinslân stiet.

De Fryske Readbûnte ko is in typysk Frysk ras. Sandra Woldring: "Zo is het nou eenmaal, we wonen in Haren. We hebben ervoor gezorgd dat hier zo'n groot koppel staat, dat hadden ze in Friesland ook kunnen doen."

(advertinsje)
(advertinsje)