Beëage koälysje De Fryske Marren ropt befolking op om mei te tinken

01 apr 2019 - 16:45

De beëage nije koälysje yn De Fryske Marren ropt de befolking fan de gemeente op om mei te tinken oer hokker tema's wichtich binne foar de kommende jierren. CDA, VVD, PvdA en GrienLinks binne dwaande mei de formaasje. Se wolle de befolking graach belûke by it proses.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Om de ideeën te garjen komt formateur Aucke van der Werff yn april nei Balk, De Lemmer en De Jouwer om mei ynwenners fan De Fryske Marren hjiroer te praten. Minsken moatte harren wol yn it foar opjaan. De formateur hat mei elk in persoanlik petear.

Net lang lyn waard de boargers ek al frege wat sy wichtich fûnen. Mar dochs wurdt it harren op 'e nij frege. "It is in nije koälysje mei oare partijen deryn. We binne ek in jier fierder. We wolle dochs sjen oft der yn dy tuskentiid noch wat bard is dat minsken dwaande hâldt en dat se graach foarlizze wolle oan de nije koälysje", fertelt Van der Werff.

Ferslachjouwer René Koster prate mei formateur Aucke van der Werff

"Ien ding is hiel wichtich: dizze partijen wolle in kultuer fan iepenheid, fan transparânsje." Transparânsje wurdt lykwols wol faker beloofd yn de polityk. "Wat nij is, is dat it echt mienens is. We sjogge dat de gemeentlike polityk mei de rêch nei de provinsjale polityk stean giet."

Dat moat je keare en je moatte dwaan wat je sizze, leit Van der Werff út. "By dizze koälysje wurdt harke nei wat de minsken ús meijaan wolle."

Teloarstelling

It gefaar sit him deryn dat minsken dy't útnûge wurde harren ferhaal dogge, mar dat troch allegear kompromissen krekt net dien wurde kin wat dy minsken ferwachtsje. Dat soarget foar teloarstelling. "Dizze koälysje belooft net dat se dwaan sil wat minsken sizze. Se belooft dat se goed prate sil mei minsken dy't meitinke wolle."

De partijen hoopje dat se begjin maaie it akkoart presintearje kinne.

Yn febrewaris klapte it kolleezje op de sânwinning yn de Iselmar. De FNP wie tsjin de sânwinning. Dêrtroch ûntstie der in breuk.

Trefwurden: 
De Fryske Marren koälysje
(advertinsje)