It Odensehûs: in plak om dysels te wêzen

01 apr 2019 - 13:00

It Odensehûs yn Ljouwert is in plak dêr't minsken mei demintens en mantelsoargers telâne kinne om in dei ôflieding te hawwen. Inisjatyfnimmer Martine Adema jout elkenien in waarm wolkom. "Want je weet soms niet meer waar je het zoeken moet als je met deze ziekte te maken krijgt."

Odensehuis Leeuwarden - Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

It Odensehûs

Martine Adema hat yn 2017 it Odensehûs iepene. "Het Odensehuis is een inloophuis voor mensen met beginnende dementie. Die kunnen daar terecht voor eigenlijk alles waar ze maar tegenaan lopen." Yn it hûs wurdt advys jûn en krije sawol mantelsoargers as pasjinten stipe. De ynhâld dêrfan ferskilt en hinget ôf fan de persoan dêr't it om giet.

Martine: "Voor de een is dat een gezellige dagbesteding en voor de andere gaat het dan met name om het inwinnen van advies. Weer een ander wil lekker kletsen, schilderen, muziek maken, of juist rustig een krantje lezen. Het kan hier allemaal. We kijken heel erg naar de persoon en bekijken dan waar we hem een leuke dag mee kunnen bezorgen."

It Odensehûs yn Ljouwert is te finen oan it Noordvliet 441. It is iepene op moandei en woansdei fan 10.00 oant 17.00 oere.

Het maakt echt niet uit wat voor dag het vandaag is, als het maar een mooie dag is.

Martine Adema, inisjatyfnimmer Odensehûs

De doar fan it Odensehûs stiet altyd foar elkenien iepen. Minsken meie sels bepale wat se dogge, want yn it Odensehûs wurde gjin easken steld. "Iedereen doet lekker zelf waar 'ie zin in heeft. Dit maakt het ietwat een chaos, maar het is wel een leuke, gecontroleerde chaos," fertelt Martine. "Het maakt ons echt niet uit wat voor dag het vandaag is, als het maar een mooie dag is."

Odensehuis Leeuwarden - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

It Odensehûs is in ferriking fan myn libben.

Gerrit van der Meer, besiker fan it Odensehûs

"Hjir kin ik dwaan wat ik sels wol"

Gerrit van der Meer (76) giet alle wiken nei it Odensehûs. Hy fynt der syn rêst. "Hjir kin ik dwaan wat ik sels wol. Ik praat mei minsken yn deselde situaasje en kin hjir myn aai kwyt." Hy is net de iennige dy't der sa oer tinkt. In soad minsken om him hinne diele dy miening.

"It Odensehûs is in ferriking fan myn libben, dêr't ik alle kearen wer nei útsjoch." Gerrit praat faak mei lotgenoaten en minsken dy't der binne. Der ûntstean dan ek echte freonskippen yn it hûs. "Ja, ik ha hjir freonen foar it libben makke."

Hulp zoeken is echt geen schande.

Martine Adema fan it Odensehûs

Ek foar mantelsoargers

It Odensehûs is der net allinich foar de pasjint. "Het is absoluut ook voor de mantelzorger", stelt Martine. "Als je met deze ziekte te maken krijgt, zit je altijd met vragen. Dit wordt alleen maar erger want er komen steeds meer vragen bij. Je wordt moe en krijgt stress", fertelt se út eigen ûnderfining. Se ropt alle mantelsoargers dan ek op om help te sykjen. "Hulp zoeken is echt geen schande, want die hulp heb eenmaal nu echt nodig. En die bieden wij."

Eigen ûnderfining

Martine wol de druk en de stress by mantelsoargers ferminderje. "Je zorgt altijd voor een ander, maar je hoeft vandaag even niks te doen. Vandaag zorgen wij voor jou." Martine krige yn de direkte omjouwing te meitsjen mei demintens en naam it beslút om it Odensehûs te starten. "Ik heb het met mijn eigen partner meegemaakt, die ook kreeg te maken met deze ziekte. Als je dan te maken krijgt met dementie weet je niet wat er op je afkomt."

Martine socht as mantelsoarger gjin help. Troch alles wat der op har ôfkaam, wist se net sa goed mear wêr't se de help fine koe. "Je kon moeilijk ergens zomaar binnenlopen. Het voelde vaak niet vertrouwd. Uit persoonlijke ervaring merkte ik dat er behoeft was aan iets als het Odensehuis."

Niet de ziekte, maar de persoon zelf is hier belangrijk.

Martine Adema fan it Odensehûs

Gjin fêst programma

By it Odensehûs stiet de persoan sintraal en net de sykte. Der binne gjin fêste programma's dêr't de besiker oan meidwaan moat. "Vaak zie je toch dat er plekken zijn waar mensen aan een vast programma mee moeten doen. Dat is voor dit ziektebeeld heel erg moeilijk. Dat is heel spannend voor mensen met dementie. Die zijn bezig met de mensen om hen heen en waar ze eigenlijk zijn", sa fertelt Martine fol oertsjûging.

Gjin skamte

"We werken niet met programma's, want we merken dat dat voor mensen met dementie soms lastig is. Dat merkte ik ook aan mijn partner. Hij wilde gewoon niet vaak met iets mee doen, omdat hij dat spannend vond. Hier hoef je dan ook niets verplicht te doen. Je mag zeggen wat je wilt en hoeft je niet te schamen. Al zeg je honderd keer hetzelfde, dat maakt niets uit. We willen graag uitstralen dat hier niks moet en alles mag. De patiënt staat voorop. Niet de ziekte, maar de persoon zelf is hier belangrijk."

Gerrit van der Meer giet alle wiken nei it Odensehûs

Odensehuis Leeuwarden - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Utwreiding

It tal festigingen fan it Odensehûs is de ôfrûne tiid fiks útwreide. Martine: "Het Odensehuis in Leeuwarden is nu nog open op maandag en woensdag van 10.00 tot 17.00 uur, maar hopelijk wordt dit in de nabije toekomst veel vaker. In Burgum en Drachten zijn er ook net twee huizen opgericht en ook hier loopt het vol. Dat vinden we mooi, want we vinden het belangrijk dat zowel mantelzorgers als dementie-patiënten in de samenleving blijven staan."

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

(advertinsje)