Hieltyd mear minsken kieze foar in 'klimaatfreonlike' tún

01 apr 2019 - 12:51

Hieltyd mear minsken kieze foar in 'klimaatfreonlike' tún. Dat is in tún mei folop romte foar flora en fauna. Tink oan flinterplanten, blomperkjes en minder tegels. "Mar lit ek bestridingsmiddelen stean", warskôget túnman Klaas Piekstra.

Túnkje - Foto: Shutterstock.com

Mear grien yn de tún is goed foar de natoer en de biodiversiteit. Boppedat kin it reinwetter makliker fuort by in flinke reinbui en hawwe ynsekten mear plak om te libjen. It neidiel fan in griene tún is lykwols dat der mear ûnderhâld nedich is as by in tún fol mei tegels. Faak brûke minsken fergif om túch tsjin te gean. Mar sâlt, jittik en fergif binne funest, wit Piekstra. "Wy ha twa hektare mei planten stean, mar brûke totaal gjin fergif."

Ferskate aksjes

Ferskate organisaasjes sette har yn om de tunen yn Nederlân griener te krijen. Sa wurkje túnsintra gear mei bygelyks de Flinterstichting, de fûgelbeskerming en de Nederlânske bijehâlders.

Túnman Klaas Piekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)