1 april yn Fryslân: fan Spare Ribs oant aapkes ta

Alle jierren moatst der wer even omtinke op de dei dat elkenien in oar besiket in ear oan te naaien: 1 april. Dat hâldt yn datsto ekstra skerp wêze moatst, wolst dy net te fiter nimme litte troch in 1 aprilgrap. Wy ha de leukste grappen op in rychje set. En earlik is earlik: wy moasten der sels sa no en dan ek wol om gnize.
© ANP Foto

Drachtster Michelin-stjer?

In spare rib-restaurant út Drachten hat op harren Facebook-side witte litten dat se nominearre binne foar in Michelin-stjer. "Spare Rib Express is als eerste bezorgrestaurant in Nederland genomineerd voor een Michelin-ster!", skriuwe se. Lykwols is it sa dat Michelin de nominaasjes nea bekendmakket.

Oplossing foar de Ofslútdyk

Fytsewinkel Mantel hat dé oplossing foar fytsers dy't ek de kommende jierren harren Iselmar-rûntsje fytse wolle. Dat kin net mear om't de Ofslútdyk ofsletten is, mar troch in crowdfundingsaksje wolle sy in wetterstoepe oanlizze. Keapest ien meter fytspaad dan ferdûbelet Mantel eltse ferkochte meter.

Domeinnamme .snits

It sil net ûnbekend wêze, de domeinnamme '.frl'. Mar foar ûndernimmers út Snits is der no in domeinnamme wêrmei't se sjen litte kinne dat it om in bedriuw út Snits giet. Fia snitsdomein.nl kin der fan ein april ôf in Snitser domeinnamme oanskaft wurde, mar oft .snits 1 april oerlibbet, is de fraach.

Gewearen yn 'e kelder

Yn Kollum is yn it âlde rjochtshûs in partij wapens fûn út de tiid fan it Kollumer Oproer, yn 1797. De kelder dêr't se lizze, wie fanwege in ynspeksje troch de oerheid ticht, dus we koene der net yn om te sjen. Mar fan twa oere ôf kin dat wól. Wy binne benijd hoefolle minsken de kelder yndûkt binne.

Boadskipje mei in chip

De Jumbo yn Grou komt mei in handige helper foar it boadskipjen: in chip dy't yn de koelkast kin en byhâldt oft bygelyks de bûter en de yochert op is. Dan wurde de boadskippen automatysk bybesteld en besoarge.

Hearrenfean kiest foar in Jaguar

De boargemaster en wethâlders fan It Hearrenfean krije in nije tsjinstauto. In elektryske Jaguar Ipace - foar de kenners. Neffens boargemaster Van der Zwan past de auto by de útstrieling fan himsels en de wethâlders.

Waarm iten besoargje mei in drone

Kafetaria De Bikker út Boarnburgum wol in wrâldprimeur ha. Sy litte tenei harren iten mei in drone besoargje by de klanten. Hiel effisjint fansels. Op harren YouTube- en Facebook-side is sels in promoasjefilmke te sjen.

Lease-auto foar de masters

Underwiisorganisaasje Noventa mei alve basisskoallen yn Achtkarspelen wol mear masters foar de klasse ha. Dêrom hat de organisaasje betocht dat manlju dy't sollisitearje in lease-auto krije. De masters dy't der al wurkje, kinne moandeitemiddei ek in lease-auto útsykje. Neffens Harrie Steenstra fan Noventa sloech de grap seker oan. "Vooral de juffen hebben heel erg gemopperd. 'Discriminatie', riepen ze, dus die stonken erin. De eerste reacties waren 'leuk heftig'."
Dochs hat de grap ek seker wol fertuten dien, want der is in master dy't him oanmeld hat nei oanlieding fan de 1 aprilgrap. Hy komt dizze wike op kofje om te sjen oft de organisaasje by him past.
Harrie Steenstra fan Noventa

Foar aap stean

Op de Simon Havinga Skoalle yn Snits kaam de stifting Aap moandeitemoarn op skoalle mei in aap, dy't hiel graach flieën fange mei. Bern koene dêrom mar it bêste mei in pet of mûtse op skoalle komme. Master Pieter Reinsma hie de grap betocht, mar waard sels ek te fiter naam. "De heiten en memmen fan de OR ha ek drok dwaande west", laket er. "Oeral op it plein leine allegear apenuten en de lokalen wiene oer de kop helle. Dat wie prachtich en paste presys by it tema Jungle dêr't wy op skoalle mei dwaande binne."
Master Pieter Reinsma

Smaaklike fynst by Spinoza

Corné van der Erve, de bedriuwslieder fan ytkafee Spinoza, hie ek in moaie 1 aprilgrap betocht. Neffens it ytkafee soe der allerhanne histoarysk guod fûn wêze. "We hebben allerlei historische spullen gevonden tijdens het renoveren van onze binnentuin", fertelt Van der Erve. "Onder andere schedels en botten. Volgens ons komt dat door Oege de Beul, die vroeger naast onze binnentuin woonde. Er zijn al best veel mensen geweest die binnenliepen om te komen kijken. Ik vind dit altijd wel leuk."
Corné van der Erve fan Spinoza
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra