Hege stjerte ûnder nijberne kealtsjes; LTO neamt berjochtjouwing unnuansearre

Op goed 1.200 greidbuorkerijen yn it lân is der sprake fan ekstreem hege stjerte ûnder kealtsjes. Sa'n 20 persint fan de kealtsjes op dy buorkerijen stjert by de berte of binnen twa wike dêrnei. De gemiddelde stjerte fan alle kealtsjes yn Nederlân is 12,5 persint. Dat blykt út sifers fan it ministearje fan Lânbou dy't nei bûten brocht binne troch RTL Nieuws. De sifers binne net nij. Al yn 2017 hat minister Schouten fan Lânbou fragen fan de Twadde Keamer oer de sifers beäntwurde.
Argyffoto © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Gerrit de Boer hat him yn de sifers ferdjippe. "De sektor ken de sifers, dy binne twa jier âld. It is net dúdlik wêrom't de sifers no nei bûten brocht binne. De sektor fynt ek dat it stjertesifer te heech is en is dermei oan de slach, mei tal fan plannen. Nei de earste twa wiken geane de stjertesifers by de keallen hurd nei ûnderen."
De Boer hat mei ferskate partijen praat, en dy fine it net leuk dat de boeren no wer sa yn de media komme. "De LTO wit fan de sifers, neamt it soarchlik en is dermei dwaande."
Ferslachjouwer Gerrit de Boer

LTO

Moandeitemoarn wie der noch gjin offisjele reaksje fan LTO, mar de boerebelange-organisaasje hat yntusken in skriftlike reaksje jûn:
"Vanmorgen heeft RTL een nieuwsbericht over kalversterfte gepubliceerd. Ze hebben hiervoor bij de NVWA en LNV informatie opgevraagd. De foto's die gebruikt worden bij het nieuwsbericht zijn van excessen die de NVWA tegenkwam tijdens inspecties. LTO en NZO zijn maandenlang met RTL in onderhandeling geweest om te komen tot een zo genuanceerd mogelijk verhaal. Dit is echter niet gelukt. Wij betreuren dat deze berichtgeving zo ongenuanceerd naar buiten is gekomen. De gebruikte foto's zijn niet representatief voor de bedrijven die te maken hebben met een hoge kalversterfte.
Onze inzet is geweest om de nadruk te leggen op de oplossingen die we als sector hebben om de kalvergezondheid op die bedrijven die het nodig hebben, te verbeteren. Daarvoor zijn 4 programma's ontwikkeld i.s.m. Zuivelaars, veeartsen en GD. Deze 4 programma's moeten hun vruchten gaan afwerpen en het sterftecijfers omlaag brengen.
Het is voor de sector belangrijk dat de media-aandacht zo kort mogelijk duurt, en we als sector aan de slag gaan om het probleem op te pakken. Om die reden willen we na vandaag de publiciteit proberen te beperken."