Joost Visser beneamd as bestjoersfoarsitter by kristlik fuortset ûnderwiis

01 apr 2019 - 12:03

Joost Visser is de nije foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan CVO Noard-Fryslân, de feriening foar kristlik fuortset ûnderwiis. CSG Comenius yn Ljouwert, it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert en CSG Ulbe van Houten yn Sint-Anne falle ûnder dit bestjoer. Joost Visser wie sûnt july foarich jier al waarnimmend foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer.

Joost Visser - Foto: eigen foto

Visser hat in protte ûnderfining yn it ûnderwiis. Sa hat er tsien jier rektor west fan Bogerman yn Snits. Hy hat in eigen ûnderwiisburo op it mêd fan training, advys, coaching en ynterim-management. Op dit stuit is Visser ek lid fan de ried fan tafersjoch fan Stifting Palludara, basisûnderwijs Súdwest Fryslân.

Visser is 60 jier en wennet yn Snits.

(advertinsje)
(advertinsje)