Finansjele tafaller foar Achtkarspelen: Liander staakt beswierproseduere prekario

01 apr 2019 - 11:42

Nei ferskate foarse finansjele ôffallers hat de gemeente Achtkarspelen in kear de wyn mei. Enerzjynetbehearder Liander hat de beswierproseduere tsjin de prekariobelesting oer de jierren 2014 en 2015 staakt. Dêrmei komt der sa'n twa miljoen euro frij foar de gemeente.

It gemeentehûs fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Achtkarspelen fierde yn 2014 de prekariobelesting yn: Liander, Stedin en Tennet moasten fan doe ôf betelje foar it brûken fan gemeentegrûn. Liander gie dêrtsjin yn beswier.

De kommende perioade sil de gemeente sjen nei de needsaak en 'efficiency' fan alle taken. Sa wolle se sjen oft der mear romte yn de begrutting komme kin.

(advertinsje)
(advertinsje)