Keamerlid PvdD stelt fragen oer draachflak gaswinning ûnder de Waadsee

Twadde Keamerlid Frank Wassenberg fan de Partij voor de Dieren stelt fragen oan minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat oer ierdgaswinning ûnder de Waadsee.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
It Frysk Deiblêd berjochte yn maart dat minister Wiebes ûndersykje wol oft der draachflak is foar it winnen fan ierdgas ûnder it wrâlderfgoed. Neffens de krante binne de provinsje Fryslân, de gemeente Noardeast-Fryslân en alle eilângemeenten derop tsjin.
Wassenberg wol dan ek fan de minister witte oft er yn syn beslút ta wol of gjin gaswinning rekken hâldt mei it draachflak.