Siler Pieter-Jan Postma set útein mei olympyske kwalifikaasje

01 apr 2019 - 10:59

Siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple begjint moandei mei de seleksjewedstriden foar de Olympyske Spelen takommend jier yn Tokio. As it slagget him te kwalifisearjen, soene it syn fjirde Spelen wurde.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

Postma sylt yn de Finn-klasse en hat konkurrinsje fan Nicholas Heiner. Der kin mar ien Nederlanner meidwaan oan de Olympyske Spelen. De wedstriden om de Sofiacup by Palma de Mallorca binne de earste seleksjewedstriden. De twadde seleksjewedstryd is it EK yn Athene, heal maaie.

Postma sjocht mei sûne spanning út nei de wedstriden fan dizze wike: "Het is een echte uitdaging. Ik heb dan misschien wel flink veel ervaring, maar de tegenstander is ook sterk".

Tsjinstanner Nicholas Heiner is yn 2017 oerstapt nei de Finn-klasse en dêrmei de grutte konkurrint fan de Fries wurden.

Foto: Omrop Fryslân

Bouwmeester al wis

Olympysk kampioene Marit Bouwmeester út Warten hoecht har net mear te kwalifisearjen, dat hat se yn 2018 al dien. Se docht wol mei oan de wedstriden by Palma de Mallorca, om wedstrydritme op te dwaan.

(advertinsje)