Minister yn oerlis mei fytsers en kuierders om Ofslútdyk sa no en dan dochs te iepenjen

01 apr 2019 - 10:28

Minister Cora van Nieuwenhuizen sil heal april yn petear mei fyts- en kuierbûnen oer mooglikheden om de Ofslútdyk op guon mominten dochs te iepenjen foar fytsers en kuierders. Dat hat se moandeitemoarn sein by de start fan de wurksumheden oan de Ofslútdyk.

Minister yn oerlis mei fytsers en kuierders om Ofslútdyk sa no en dan dochs te iepenjen

Moandei set it wurk oan de fernijde Ofslútdyk offisjeel útein. De minister joech de ôftraap troch by Koarnwertersân in stien út de âlde dyk te takeljen mei in hijskraan. De Ofslútdyk giet trije jier ticht foar fytsers en kuierders. Dat hat sels ta Keamerfragen fan it CDA laat.

De minister sil no mei fytsers en kuierders prate om te sjen oft it bygelyks yn de fakânsjes - as it wurk stilleit - dochs mooglik is om de Ofslútdyk foar fytsers en kuierders te iepenjen.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De minister neamde de start fan de oanlis fan de nije Ofslútdyk 'in histoaryske dei'. De dyk wurdt de kommende trije jier fersterke mei 75.000 Levvel-betonblokken fan elts 6500 kilo. Dy betonblokken wurde makke yn in spesjale tydlike betonfabryk yn Harns en oanslutend mei in skip nei de Ofslútdyk fearn.

De oannimmerskombinaasje Bam, Van Oord en Rebel sil de put útfiere foar 549 miljoen euro. Dat is in stik goedkeaper as de 630 miljoen dy't it Ryk foar it wurk begrutte hie.

Minister Van Nieuwenhuizen

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Slûs

De provinsje Fryslân soe graach sjen dat it Ryk it jild dat 'oer' is brûkt foar oare ferbetterings oan de Ofslútdyk lykas it ferbreedzjen fan de slûs fan Koarnwertersân. Minister Van Nieuwenhuizen is sa fier noch net. "Met zo'n groot project moet je altijd maar afwachten of er wel echt geld over blijft. Bovendien kun je geld dat over is voor het ene project niet zomaar doorsluizen naar een ander doel. Maar ik ga zeker met Fryslân in gesprek over de sluis."

Heart it ek net by de status fan 'ikoan fan Nederlân' dat de brêgen yn de Ofslútdyk minder steuringen fertoane as de lêste tiid? Sneon wie it wer mis by Den Oever? "Dat is een heel ander probleem, Rijkswaterstaat is er druk mee bezig."

Joost van de Beek fan Rykswettersteat

De suteldyk wurdt sloopt - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
Trefwurden: 
Ofslútdyk fytsers kuierders
(Advertinsje)
(Advertinsje)