Frisian Flag set útein: earste test foar nij lûdsmjitsysteem

01 apr 2019 - 10:13

De ynternasjonale fleanoefening Frisian Flag is moandei úteinset op fleanbasis Ljouwert. De oefening duorret oant en mei freed 12 april. Fleantugen út ferskate lannen oefenje de kommende twa wiken op komplekse misjes yn ynternasjonaal ferbân.

De earste fleantúchspotters stiene al betiid by de fleanbasis. Klaas Koopmans fan de Aviation Group út Ljouwert wie ien fan harren. "Wy soargje dat al dy spotters harren auto goed parkearje yn it stik lân. De kommende wiken komme der wol sa'n tsientûzen minsken op ôf."

Ien fan de fleantúchspotters leit út wat it spotten sa moai makket: "Het geluid, de snelheid en toch wel de stiekeme droom die iedereen heeft om piloot te worden."

Foto: Klaas Koopmans

Bauke Deelstra by Frisian Flag

It is de earste test foar it nije lûdsmjitsysteem, dat yn de gaten hâldt hoefolle leven oft de fleantugen meitsje. Twa kear deis gean der sa'n 50 tastellen de loft yn foar in trainingsmisje.

Geert Verf fan Marsum: "Ik bin tige nijsgjirrich hoe't it systeem wurket. Elkenien kin op de webside sjen hoe't de lûdsmjittingen binne. Yn 2012 binne wy ús deaskrokken fan it lûd. Dit binne 2000 starts en lanningen yn twa wiken tiid. De bewenners drage de lêsten. Foar de fleanbasis is dit in wichtige oefening en foar de spotters is dit machtich om te sjen, allinnich it ferhaal fan it lûd, dêr stap ik net fan ôf. Wy fine de lûdsdruk foar omwenners te heech."

Bauke Deelstra by Frisian Flag - diel 2

(advertinsje)
(advertinsje)