Kollum: "Eilantsjepik"

"Doe't ik troch de loft wer ris fleach, mei it mûske heech op 'e rêch. Wist ik efkes net wat ik seach, dêr rûn in bear op Skiermûntseach. It kin ynkoarten wolris ôfrûn wêze mei dit ferske fan Bear Boeloe. Want as it oan ús buorlju yn Grinslân leit, pikke se Skier yn. Sjoch, sa binne wy Friezen net. Us wurdt gewoan in eilân oanbean.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Ferline wike lies ik it berjocht oer âld-wethâlder Gerbrand Poster fan Teksel. Hy wol dat Teksel tenei by Fryslân heart, yn stee fan by Noard-Hollân. "De provincie Noord-Holland besteedt veel meer aandacht aan Amsterdam en omgeving en het Gooi, maar is veel minder gericht op Texel. Wij zijn een beetje het stiefkindje van de provincie", fertelt de âld-wethâlder.
Neffens Poster is it boppedat in stik logysker as alle Waadeilannen tenei by ien en deselde provinsje hearre. Mar ûnder syn emosjoneel pleit sit stikem ek de hope op mear jild. "Als we ons bij Friesland aansluiten dan krijgen we waarschijnlijk meer geld, status en aandacht", jout er earlik ta.
Wat de reden ek krekt is; wat my oanbelanget is Teksel fan herte wolkom. Utsein dat de provinsjegrins oanpast wurdt en wy tenei allegear Teksel sizze yn stee fan Tessel, hoecht der neffens my fierder neat te feroarjen. Ik begryp út it berjocht dat in soad bewenners fan Teksel benaud binne dat se dan op Fryske les moatte. Mar de yllúzje dat minsken op ús Waadeilannen har Frysk fiele, lit stean Frysk prate, ha ik al lang farre litten. Dat is flokke yn tsjerke, ûntduts ik al betiid.
Doe't ik in jier as 18 wie, ha 'k hiel efkes ferkearing hân op Skylge. Op in sneontejûn stiene wy mei in freoneploech yn de kroech doe't wy it oer Fryslân krigen. "Wêrom prate jim hjir eins gjin Frysk?" rôp ik, "jim binne per slot fan rekken fan ús!" Oei. It waard stil. It wie as hie ik as Dútser op 4 maaie roppen dat Nederlân ea ek in bytsje fan Dútslân west hie.
Alle kopkes yn 'e kroech draaiden har nei my om. "Wy binne fan net ien", sei de kroechbaas. Dúdlik. Op de eilannen net roppe dat se Frysk binne. Dus minsken op Teksel, dat sis ik jim hjirby ta. Jim hoege net op taalles. Jim hoege gjin pompeblêd yn 'e nekke tatoeëarje te litten. Jim hoege net de earste 36 kûpletten fan it Frysk folksliet út 'e holle te kennen. En jim hoege sels gjin "Bûter, brea en griene tsiis" te sizzen. Jim meie gewoan jimsels bliuwe.
Der is mar ien lyts dinkje. Wy sitte noch wat mei in bear yn 'e mage. In bear dy't no op Skiermûntseach omrint, mar as dat eilân ynkoarten ynpikt wurdt troch dy ferrekte Grinzers, dan moat dy bear dêr wei. It kin net sa wêze dat ús bern aanst nei in berneprogramma sjogge dêr't oan de ein "Joa mienjong, het is wel weer goud. Moi!" roppen wurdt.
Dus as jim no allinnich dy bear opfange wolle, dan binne wy tefreden. Dan feroarje wy it ferske spesjaal foar jim. Doe't ik troch de loft wer ris fleach, mei it mûske heech op 'e rêch. Wist ik efkes net wat ik seach. Op elk potsje past in deksel. Tenei rint dy bear op Teksel."