Helte minder mantelsoargers beskikber oer 20 jier

01 apr 2019 - 07:00

Yn 2040 binne der de helte minder mantelsoargers beskikber yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers dy't Omrop Fryslân opfrege hat. Op it stuit binne 14 minsken beskikber as mantelsoarger foar ien âldere, mar oer 20 jier binne der troch fergrizing noch mar 6 minsken beskikber. Dat smyt grutte problemen op, seit Willeke Philips fan de Saar aan Huis, in organisaasje foar betelle mantelsoarch.

De sifers oer it tal beskikbere mantelsoargers komme út in ûndersyk fan it Planbureau voor de Leefomgeving (PLO) en it Sociaal Cultureel Planbureau (SCP). Neffens sifers fan it SCP binne der op it stuit 160.000 Friezen dy't mantelsoarch jouwe oan in oar. In part fan dy mantelsoargers, nei skatting 14.000 Friezen, fielt har swierbelêstige.

Mei de ferwachtingen foar de kommende 20 jier krije dy minsken it allinnich noch mar swierder. Neffens Willeke Philips fan mantelsoarchorganisaasje Saar aan Huis hoecht dat net. "Mantelzorgers vinden het lastig om aan de bel te trekken en raken daardoor overbelast. Als je hulp krijgt, geeft het je leven meerwaarde. De kwaliteit van leven gaat omhoog", seit se.

Dêrom komt Omrop Fryslân dizze wike mei de aksjewike 'Freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bod en litte wy sjen wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers.

Skiermûntseach: mar 4 mantelsoargers foar in âldere

Yn it ûndersyk fan it PLO en SCP sjogge ûndersikers nei hoefolle âlderen boppe de 85 jier der yn in gemeente binne en dat wurdt ferlike mei it tal minsken tusken de 50 en 74 jier. Sa besykje de ûndersikers in foarsizzing te meitsjen fan hoefolle minsken oft der beskikber binne om mantelsoarch te dwaan foar in oar. Dy definysje is wol beheind, om't lang net al dy minsken mantelsoarch ferline of ôfhinklik binne fan mantelsoarch.

Neffens de sifers fan it ûndersyk is Skiermûntseach de gemeente wêr't de mantelsoargers de fergrizing it meast fernimme sille. Yn 2040 binne dêr noch mar 4 mantelsoargers beskikber foar ien âldere. Dit is fjouwer kear minder as no. Flylân stiet der folle better foar. Oer 20 jier ha sy yn trochsneed de measte mantelsoargers fan hiel Fryslân: 9 foar ien âldere.

Foto: Omrop Fryslân

Saar aan Huis

Neffens Willeke Philips moat der oars sjoen wurde nei mantelsoarch. De organisaasje Saar aan Huis is dêr in moai foarbyld fan. Minsken kinne in 'Saar' ynhiere, dy't se dan selskip hâlde kin, mar ek boadskippen docht, iten makket of putsjes yn it hûs docht.

Philips: "Wanneer het leven door bijvoorbeeld ziekte tegenzit, kan juist deze aandacht voor zowel cliënt als mantelzorger zoveel betekenen. De kwaliteit van het leven gaat echt omhoog als je meer ruimte krijgt om dingen te doen die het leven de moeite waard maken."

In foarbyld dêrfan is Ellen van der Sluis, seit Philips. "Haar partner heeft beginnende alzheimer. Sinds een aantal maanden is er iemand van onze organisatie die leuke dingen doet met hem, zodat Ellen even de handen vrij heeft om dingen voor haarzelf te doen."

Willeke Philips fan Saar aan Huis

Ellen van der Sluis út Amsterdam is sûnt trije jier mantelsoarger fan har partner Martin út Ljouwert. Hy hat 'vasculaire dementie'. Om him te fersoargjen is frou Van der Sluis de measte tiid by har partner yn Ljouwert. Dat is fysyk en emosjoneel swier. Se is dan ek hiel bliid mei de soarch fan Saar aan Huis.

"We hebben twee Brammen, want er kwamen al zoveel dames van de thuiszorg, dat we nu een man als hulp leuk vonden", fertelt Ellen van der Sluis. "Ze komen wekelijks langs en doen leuke dingen met hem. Dat is heel belangrijk voor hem. Hij loopt wat moeilijker en zit veel binnen. Het leven is leuker voor hem geworden, de heren geven ondersteuning, ook voor mij. Ik heb er minder spanning door. De dagelijkse zorg gaf veel stress en ik lag vaak wakker." Se kin no wat makliker de doar út. "En Martin is ook opgeknapt."

Ellen van der Sluis

Foto: Omrop Fryslân

"Het valt niet te accepteren"

Philips hat sels ek ûnderfining mei mantelsoarch. Har soan Tom hie in stofwikselingssykte, wêrtroch't er net mear selsstannich funksjonearje koe. Omrop Fryslân hat Willeke en har man André doe 1,5 jier lang folge om te sjen watfoar impact it hat op it gesin. "Wij zagen dat Tom minder goed kon lopen. Woordjes die hij kon, kon hij toen ineens niet meer. Alle dingen gingen ineens minder."

Yn de dokumintêre fertelt se dat al harren enerzjy op dat momint nei Tom en syn sykte gong: "Wij zijn eigenlijk het afgelopen jaar alleen maar mee bezig geweest om de achteruitgang van Tom voor te zijn. Met al het regelwerk wat moest gebeuren. Soms zeggen we wel eens tegen elkaar dat wij emotioneel nog geen tijd hebben gehad om het tot ons door te laten dringen."

Ek Willeke man André hie it swier. Hy sei dat it syn natoer is om te oerlibjen en troch te gean, mar dat syn gefal oars wie. "Met Tom zijn we alleen aan het inleveren en accepteren. Maar het valt niet te accepteren."

Foto: Omrop Fryslân

"Kies foar kwaliteit fan libben"

Yn 2011 is Tom stoarn doe't hy 8 jier âld wie. "Ik en mijn man André hebben met vallen en opstaan ons leven opnieuw moeten uitvinden." Willeke sjocht wol goed werom op har tiid as mantelsoarger fan Tom. "Waar wij veel aan hebben gehad, is dat wij de zorg hebben gedeeld met anderen. Dat zorgde ervoor dat de balans goed bleef, dat we het konden blijven volhouden, hoe zwaar het ook was."

Willeke gunt oaren ek sa'n mantelsoarchsituaasje. Dêrom is se mei Saar aan Huis begûn. "Voor ons bleef er ruimte voor het maken van herinneringen en het doen van eigen dingen. Het gaf ons leven meerwaarde." Mar in protte minsken moatte noch wenne oan it idee fan betelle mantelsoarch. Dat moat dien wêze, fynt Willeke. "Het wordt tijd voor een positieve verandering in de mantelzorg. Het taboe mag er af dat je alles zelf moet oplossen. Kies voor kwaliteit van leven."

Bisto mantelsoarger? Sjoch hjir foar in oersjoch fan alle stipe foar mantelsoargers yn Fryslân

Ien op de trije Friezen jout wolris mantelsoarch oan ien yn syn of har omjouwing en dy soarch wurdt hieltyd swierder. Dochs doare in soad minsken en mantelsoargers net om help te freegjen. Dêrom komt Omrop Fryslân mei de 'Wike fan de mantelsoarch: freegje om help'. Fan 1 april ôf komme ferhalen fan alle soarten mantelsoargers oan bar en wat der yn Fryslân is oan stipe foar mantelsoargers. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de aksjewike en in kaart mei in oersjoch fan alle Fryske inisjativen foar mantelsoarch.

Trefwurden: 
Saar aan Huis mantelsoarch
(advertinsje)