"Privacywet sit goede helpferliening yn it paad"

31 mrt 2019 - 18:50

Goede helpferliening kin net yn stelling brocht wurde fanwegen privacyregels, stelt publisiste Anne-Goaitske Breteler nei ûndersyk nei psychiatryske pasjinten op it plattelân.

Harry Oosterman, Otto van der Galiën en Anne-Goaitske Breteler - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Breteler siet mei Harry Oosterman en Otto van der Galiën as opinymakkers yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. "De privacywet sit goede helpferliening yn it paad", wie de konklúzje.

Ik moat kontrôlepetearen hâlde mei betize persoanen. Ha ik dêr as boargemaster ferstân fan dan?

Harry Oosterman, boargemaster fan Eaststellingwerf

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf werkent dat byld. Boppedat rint hy geregeld tsjin foarskriften oan dêr't er eins net mei út de fuotten kin: "Yn de nije Wet Verwarde Personen stiet bygelyks dat ik as boargemaster in kontrôlepetear mei dy persoan hâlde moat. Ha ik dêr ferstân fan dan?"

It Nijsfoarum oer privacy en helpferliening

Fierders frege Oosterman him ek ôf oft it net wachtsje op problemen is: "As de ambulante helpferliening yn stee fan twa kear wyks noch mar ien kear yn de seis wiken delkomt by in kliïnt, is de kâns grut dat er net mear alle piltsjes op 'e tiid krijt."

(advertinsje)
(advertinsje)