Tuinstra 14e op lêste dei WK iisspeedway yn Thialf, Reitsma nimt ôfskied

31 mrt 2019 - 18:14

Jimmy Tuinstra fan Tsjummearum is yn Thialf op de tsiende en lêste dei fan it wrâldkampioenskip iisspeedway fjirtjinde wurden. Simon Reitsma waard by syn ôfskied sechstjinde en lêste. De titel gie nei Daniil Ivanov út Ruslân.

Jimmy Tuinstra - Foto: www.orange-pictures.nl

Jimmy Tuinstra

De 18-jierrige Tuinstra waard twa wiken lyn noch de jongste debutant ea op it WK. Sneon hie er mei in alfde plak syn bêste dei en snein pakte er dus nochris trije punten. "Ik mag absoluut niet klagen", sei Tuinstra nei ôfrin. "Ik heb heel wat stappen gezet. En ik ben nog maar 18 jaar, dus wat dat betreft is het prima gegaan."

Yn de lêste twa races fan snein crashte Tuinstra twa kear. Dat kaam trochdat er net goed úteinsette. "Ik was heel erg aan het aankloten", fertelt er. "Daarna maakte ik nog een hele inhaalslag en dan moet het in de laatste bocht gebeuren. Ik had te veel het gas open, maar dan schiet je weg."

Myn soan sit al fan syn berte ôf op de motor.

Simon Reitsma

Foar Simon Reitsma (48 jier) fan Sint-Anne wie it snein de lêste kear op in WK. Hy nimt ôfskied fan de sport. "Op it momint fan it ôfskied hie ik it wol even dreech", fertelt er. "Mar myn tiid is foarby. Ik wol no myn soan opliede." Syn soan is noch mar tolve jier, mar is al jierren dwaande. "Hy sit al fan syn berte ôf op de motor", laket Reitsma.

Simon Reitsma

Simon Reitsma - Foto: www.orange-pictures.nl

Yn Thialf waard Reitsma sneon en snein beide kearen sechstjinde. Lêste dus. "Ik nim gjin risiko's mear. Dat hat gjin sin. De Roelof Thijs Bokaal wie foar my eins de belangrykste wedstriid. Dêr ha ik goed prestearre." Reitsma waard freed sânde by de Roelof Thijs Bokaal.

Ivanov kampioen

De wrâldtitel wie foar de Rus Ivanov. Hy naam sneon al de lieding yn it klassemint oer fan syn lânsman Dinar Valeev en dy kopposysje stie er snein net mear ôf.

(advertinsje)