FIDEO: Hichtepunten Herentals - Flyers en reaksje Mike Nason
De iishockeyers fan de UNIS Flyers giene sneon ûnderút by HYC Herentals, dat dêrmei foar de twadde kear yn de kluphistoarje it kampioenskip fan de BeNe-League ferovere. It waard sneon 4-0 en dêrmei kaam de stân yn de best-of-5-searje op 3-1 foar Herentals. De hichtepunten fan de lêste wedstriid op in rige:
Hichtepunten Herentals Flyers en Mike Nason
De UNIS Flyers stiene foar de fjirde kear op rige yn de finale fan de BeNe-League, mar geane no foar de tredde kear sûnder de haadpriis nei hûs. Trainer/coach fan de Friezen is Mike Nason. De Kanadees sjocht werom op de finale en op in seizoen mei ups en downs.