VC Snits wint by Eurosped en bliuwt yn de race om finaleplak

De follybalsters fan VC Snits ha snein mei 3-0 wûn by Eurosped. Dêrmei bliuwe de Snitsers op it twadde plak stean yn de kampioensgroep en binne se ien konkurrint kwyt. Eurosped makke foar de wedstriid fan snein noch kâns op it twadde plak en dêrmei de finale om de lânstitel.
Anlène van der Meer (argyf) © www.orange-pictures.nl
De setstannen yn Vroomshoop wiene 25-23, 27-25 en 25-15 yn it foardiel fan Snits. Twa spannende sets dus, wêrnei't de ploech fan Paul Oosterhof de tredde set fol oertsjûging pakte. Anlène van der Meer sloech snein de measte punten (18) binnen foar Snits.
Yn de kampioensgroep hat Snits no 18 punten. De iennige ploech dy't noch mei Snits konkurrearret om it twadde plak is Set-Up'65. Dy wûn snein ek en hat likefolle punten. De ploech dy't twadde wurdt, nimt it tsjin koprinner Sliedrecht op yn de finale.

Programma

De ploegen yn de kampioensgroep spylje noch twa wedstriden. Snits hat noch twa thúswedstriden op it programma stean: tsjin Flamingo's en Regio Zwolle. Dy twa steane respektyflik fiifde en sechsde. Set-Up spilet oer in wike thús tsjin koprinner Sliedrecht en moat in wike letter op besite by Eurosped.