Aldeberkeapster Sebastiaan Wolswinkel (24) foarsitter Partij voor de Dieren

De 24-jierrige Sebastiaan Wolswinkel út Aldeberkeap is de nije partijfoarsitter fan Partij voor de Dieren. Op it kongres fan de partij yn Bussum waard er mei in krappe mearderheid keazen. Dat wie in grutte ferrassing.
Sebastiaan Wolswinkel
It bestjoer fan de partij hie Elze Boshart foardroegen. Sy wie ien fan de oprjochters fan de partij, mar moast it ôflizze tsjin Wolswinkel. Hy wie de ôfrûne trije jier foarsitter fan PINK!, de jongereinorganisaasje fan de PvdD.
Boshart krige 269 stimmen, Wolswinkel 281. De nije partijfoarsitter is yntusken al wer wat bykaam fan it nijs. "Ik heb natuurlijk wel gesolliciteerd omdat ik dacht dat ik een kans maakte, dus ik wist dat ik kon rekenen op redelijk wat stemmen, maar het was een aangename verrassing."
Wolswinkel komt út de Stellingwerven en waard grut yn Aldeberkeap. Hy hat in oantal jier wiskundedosint west en rôle doe de polityk yn. Ek hat er al de nedige ûnderfining yn de polityk. "Ik was tot dusver voorzitter van de jongerenorganisatie van de Partij voor de Dieren. Daar heb ik veel ontdekt over de kernpunten van de partij."
© NOS, Hans Andringa
De nije partijfoarsitter wol noch mear jongerein by de partij te belûken. "Ik denk dat onze jongerenorganisatie een andere rol binnen de partij moet krijgen. Meer rechten en zeker ook plichten."
De Partij voor de Dieren wurdt hieltyd jonger, sjocht ek Wolswinkel. "We gedragen ons al een tijdje jonger dan we zijn. We hebben nog een heel fragiel zelfbeeld, maar dat is niet meer nodig. We kunnen feller optreden en meer zichtbaar worden. Dat is heel gezond voor onze partij."
Partijfoarsitter Sebastian Wolswinkel