Nyck de Vries sânde yn sprintrace Bachrein

31 mrt 2019 - 15:21

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea is by de sprintrace yn Bachrein sânde wurden. De Formule 2 gie dit wykein fan start. Sneon waard De Vries by de haadrace op it sirkwy fan Sakhir sechsde.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Vries mocht snein fan it tredde plak ôf starte, mar foel al gau werom nei it sechsde plakje. Dêrnei wûn er wer wat plakken, mar nei in pitsstop sakke De Vries werom. Uteinlik finishe er krekt efter Mick Schumacher, de soan fan sânfâldich wrâldkampioen Formule 1 Michael Schumacher. De Vries sette wol it rapste rûntsje del.

Luca Ghiotto út Italië wûn de sprintrace fan snein, foar Sérgio Sette Câmara út Brazilië en Nicholas Latifi út Kanada. De Kanadees wûn sneon de iepeningsrace.

De Vries sechsde

Yn it algemien klassemint giet Ghiotto oan de lieding. De Vries stiet dêryn sechsde.

Op 27 en 28 april komme de koereurs yn de Formule 2 wer yn aksje. Dan steane de races yn Bakoe, Azerbeidzjaan op it programma.

(advertinsje)